SDS League: Eeltje pakt kopposysje!

Wepppers woansdei 27-2
26 februari 2013
Weppers tongersdei 28-2
27 februari 2013

It is dizze wike Eeltje Postma mei “This is it” dy ’t de kopposysje pakt. Hy bliuwt Martin Rienstra mei “Mino Raiola” noch krekt in puntsje foar.

Eeltje keapet ien op de kopposysje

Bauke Dijkstra lit dizze wike efkes sjen wat “Veerkracht” ynhâldt. Hy stie nei wike 1 noch 39e, mar klimt no lyk nei it 3e plak en pakt knap de wykpriis. Hy hat krekt 1 puntsje mear as “FC Grasmat” fan Erwin de Boer en 2 as “FC Munnaps” fan Bote Strikwerda en “FC Ofpraat wurk/ EPO ’13″fan Sjoerd van Beem.

Foar de nûmers 1 en 2 fan ferline wike is it no efkes sykjen op de list. De iene sakke nei plak 21 en de oare nei 35.

Eltse wike wurdt it dúdliker dat de SDS League dochs wier in geloksspultsje betreft. Hielendal no ’t bliken docht dat “Winne fan Aant en Willem moat maklik kinne” fan Dooitze Nauta no boppe beide wepmasters stiet. 

“Ken et za” fan Harm Bergsma nimt de reade lantearn dizze wike oer fan Redmer Strikwerda.

Sjoch hjir foar de nijste stân: wike 2.