Weppperkes -tiisdei-

Twaddekrystdeiwepperkes
25 december 2005
SDS 2e op krysttoernoai!
27 december 2005

SDS 2e!!
SDS is juster 2e wurden op it krysttoernoai fan Frentsjer. Marten, Dirk-Yde, Jacob-Klaas, Tsjeard B., Erik en Willem ferlearen yn de finale úteinliks mei 4-2 fan Mesken Bouw. Al mei al in hiel knap rissultaat. Letter kin jim hjir mear lêze oer dit toernoai.

SDS en Mesken Bouw stean klear foar de finale.

De groetnis fan  Sibe
Fan Sibe de Seefûgel krigen wij in krystgroet. Hij is bij famylje yn Seelân west en hat ek efkes yn Rotterdam oan west. Neffens de fuotballers en trainers hat de Kuip it beste fjild. Hij woe efkes witte at dit betsjutte dat dêr in protte wjirmen yn sieten. Dat wie dus net sa en dy’t er wol wiene smakken nei wotte, dus net lekker.
Hij koe it fansels net litte om efkes in blomke te bringen bij de opsetten seefûgel dy’t yn 1970 al wer (wêr bliuwt de tiid) omkaam troch in slimme botsing mei in bal.

Battle of the Sexes
Sa’t jim witte sille de hearen fan SDS 1 it op 15 jannewaris folleybaljend opnimme tsjin de froulju fan COVOS 1. Under it motto fan: “wij wolle it nije jier starte mei in oerwinning” is dit fansels in prima set.
Bij de ôfspraak mei de froulju is fêstlein dat de ferliezers (de froulju dus) wat dwaan moatte foar de winners (de hearen dus). Hawwe jim in goed idee oer wat dy froulju dan dwaan moatte, dan kinne jim
ús maile.
Fansels meie jim ek oanjaan wat de hearen foar de froulju dwaan moatte at sij ferlieze. Mar dêr hoege jim no ek wer net hiel djip oer nei te tinken, want de kâns dat soks bart is wol hiel lyts.

De froulju binne der klear foar.

Trainingprogramma SDS 1 ôfdieling folleybal
De folleyballers fan SDS 1 nimme the Battle of the Sexes serieus. Dat docht bliken út it (geheime) trainingsprogramma wat wij efterhelje koene.

wannear wat troch
28 desimber utlis fan spulrigels Marcel Frankena
29 desimber faltechnyk Gertjan Hiemstra
30 desimber bal út net fiskje Stoffel Bouma
2 jannewaris antikleef kursus Marcel Frankena
4 jannewaris antiplakkursus Marcel Frankena
5 jannewaris 123 telkursus Philippus Hingst
8 jannewaris dûkkursus Jouke Hovinga
10 jannewaris roppe en raas kursus Syb van der Meulen
12 jannewaris traine mei de bal Marcel Frankena
15 jannewaris wedstryd

Klaas Okkema yn askje as fluiter
Ofrûne woansdei kaam de skiedsrjochter wer net op bij SDS1 futsal. Yn oerlis mei de tsjinstanner waard Klaas Okkema frege de fluit te hantearen. Foar de wedstryd joech hij de Golden Oldies efkes oan wat hij wol en net wist fan de rigels. Klaas fluite hast flaterleas.

Liftnijs – It waar yn Poalen
Yn Poalen is it noch net echt winter, hoewol der krekt foar de Kryst wol wat snie fallen is. Foar it aktuele waar kinne jim
hjir sjen.
Foar in aktueel byld yn Hel is de
webkam fansels fan belang.

Liftnijs – efkes foarstelle – twa lifters
Gertjan Brandsma sil mei Frans Piter Terpstra besykje as earsten oan te kommen. Gertjan docht foar de 4de kear mei en hat dizze simmer oefene troch mei freon Tsjeard H. nei Portugal te liften. Syn foarkar foarkar foar bepaalde auto’s stekt hij net ûnder stuollen en banken. Ek lifte hij earder yn in simmer nei Barcelona. Frans Piter Terpstra, dy’t in pear lyn noch foutballe bij SDS 3 is in debutant. Hij hat wol in protte reiserfaring want 2 jier lyn hat hij in jierke fuort west nei Australie en Nij Seelân. In diel fan syn reis is yn byld brocht en kinne jim hjir sjen

 

Hawwe jim noch nijs? Mail it nei info@vv-sds.nl!