Twaddekrystdeiwepperkes

Krystwepperkes
24 december 2005
Weppperkes -tiisdei-
26 december 2005

Krysttoernoai Frentsjer
Yn Frentsjer wurde hjoed de rest fan de poulewedstriden spile en de finalerondes fan harren krysttoernoai. SDS spilet op de folgende tiden:

Programma moandei 26 desimber:
10.01     SDS – Zuidema
11.19     SDS – Shape
12.24     SDS – v.d. Meer
13.16     SDS – Trebol
13.40     SDS – Martens Vis

Om 14.00 begjinne de finalerondes. Nei 4 winstpartijen en yn lykspul op freedtejûn liket it wol aardich wis dat SDS hjir ek yn sitte sil.

Krysttoernoai Frentsjer(2)
It team fan SDS kent al wat personele problemen op 2e krystdei. Sa binne Tsjipke Okkema en Tsjeard Halbersma der net. Skelte Anema is noch in twifelgefal. Erik Haitsma docht yn elts gefal al mei. Dirk-Yde, Marten, Tsjeard B., Jacob-Klaas en Willem binne de oaren dy ’t meidogge.

De Pas
De KNVB hat it goed foar mei de leden fan fuotbalklups: Elkenien hat in pas krigen. Dêrmei kinne je flinke koartingen krije bij meardere saken.

In lid fan SDS, dy’t tafallich ek lieder is fan in senioaren alvetal, seach it hielendal sitten mei de pas, sa krekt foar de krystdagen.

Mei in ôfladen karre fol kaam hij dan ek bij de Jumbokassa en meidat alles troch de skan wie, pakte ús lieder syn KNVB pas om ôf te rekkenjen.

Eilaas gie dit net troch, want bij Jumbo kinne je allinne mar mei in bank of giro pas betelje.

Dochs wol wat teloargesteld mocht hij it spul wol meinimme nei hûs mar moast hij syn soan efterlitte as ûnderpân.
Doe’t wij dit hearden, hawwe wij gelyk âldwinkelman Jan Spar fan Easterein skille, om te freegjen at hij soks wolris meimakke hie: “Gjin kommentaar” wie it ienige wat dizze oars tige spraaksume hear útbringe koe.

Liftnijs – nije kollaazje
B en B (Bram en Beitske) binne no ek ferwurke yn de fotokollaazje fan de liftploech 1 jannewaris 2006.

Liftnijs – Poalske lândei
At je nei Poalen geane moatte je fansels wol witte wat dizze útdrukking betsjut.
De “Poolse Landdag” is spreekwoordelijk geworden voor een wanordelijke vergadering. De koning kon geen besluiten nemen zonder toestemming van de Sejm, welke op zijn beurt alleen besluiten kon nemen met eenparigheid van stemmen (1548)

Liftnijs – Typysk Poalen

De Poolse keuken kan het beste omschreven worden door een Bourgondische inslag, traditionele gerechten die vergelijkbaar zijn met de Duitse keuken, en exotische elementen die door de Russen zijn toegevoegd. Soep is een verplicht onderdeel. De hoofdmaaltijd bestaat vaak uit vlees. U kunt zelfs een heel gevuld zwijn geserveerd krijgen. In het seizoen kunt u in veel restaurants heerlijke wildgerechten bestellen. Ook de vis is goed te eten. Een typisch Pools gerecht is bigos, een zuurkoolgerecht met verschillende soorten vlees, paddestoelen en worst.


Efkes foarstelle:  twa lifters
Teade en Klaas  miene dat sy it ideale
koppel binne. Ferline jier hawwe se yn de selde gearstalling meiliften en einigen sij heech yn it klassemint. Doe op learzens omdat se tochten flugger in lift te krijen en no fêst wer op learzens omdat er op 1 jannewaris mooglik wol in meter snie leit yn Hel. De iene studeart yn Ljouwert wat mei ûnderwiis en de oare sit yn Wageningen yn de boeken om wat mear oer lânbou te witten te kommen..
Beide hearen hawwe down under west en binne yn it sâlt bebiten wrâldreizigers.