Weppers tongersdei 11-3

Weppers woansdeitejûn
9 maart 2010
Weppers freed 12-3
11 maart 2010

SDS 4 en SDS 5 wikselje
Wij ha begrepen dat de tiden fan SDS 4 en SDS 5 foar kommende sneon wiksele binne. It is no sa dat SDS 5 om 14.30 begjint en SDS 4 om 16.30 oere.

Tongersdeitejûn trainingsjûn
Jûn eindelijk wer ris in échte trainingsjûn. Gjin trainen op geheime lokaasjes of op keihurde fjilden, mar gewoan efter de sporthal en foar de boksen.
SDS 2 en
3 traine fanôf 19.00, SDS 1 om 20.00 en SDS 4, 5 en 6 om 20.30 oere.
En dêrnei natuerlik mei syn allen noflik neisitte yn de kantine.

Seal: SDS 1 wint foar 3e kear op ‘e rige
SDS 1 hat juster op ‘e nij wûn. Mei 5 man waard Futsal Heerenveen 2 ferslein. Sûnder wissels wie it dreech genôch mar it waard úteinlik 4-2 troch goals fan Tsjipke(3x) en Freek.

De map fan SDS 6 is fuort!

De map fan sds6 is net op it plak wer’t der wese mat. Hat immen disse map ek yn besit of wit immen wer’t de map bedarre is? Wy wolle graach yn kontakt komme mei diegene die us hjir mear oer fertelle kin. E-mail, skilje of twitterje nei sds.nl as 1 fan de leiders fan sds6. Meld lokaasje fan de map anoniem kin ek! Skilje dan mei M. (meinimme nei de training tongersdei ken ek!) 
Elke tip is krusiaal yn disse saak, dus skytskoarje net om kontakt op te nimmen! 
Groetnis, 
Sytse Hibma

Harsens derby (161)
Dizze keeper moast de kop der goed by hâlde om te sjen wa ’t de penalty nimt: