Weppers tiisdei 8-6

Weppers moandei 7-6
7 juni 2010
Weppers woansdei 9-6
8 juni 2010

WK formulieren
Wij soene it tige op priis stelle dat jim de
WK poule formulieren sa gau mooglik ynfulle. Wij moatte alle gegevens yn in programma ynbringe en wolle dat graach net dwaan at it fuotbal al oan de gong is. Dus ynfulle dy hannel en ôfleverje bij Willem of Aant.


De kantsjes derôf

Ôfrûne sneon die Dick Schuurman ek mei oan it 5 tsjin 5-toernoai yn Koudum. Harm Stremler hie noch in kadootsje foar him………


Dick krige in kantsje-meaner foar alle kântsjes dy ’t Harm derôf rûn hat yn de twa jier dat Dick by SDS west hat.

Fan herte lokwinske!
Jelmer Posthumus is hjoed jierdei! Hy is 22 jier wurden.
Fan herte lokwinske!

Wommels – Easterein
Woansdeitejûn is der in keatsderby tusken Wommels en Easterein yn Wommels om 19.30.

Wommelser Kampioenskip 7 juni 2010

Dizze edysje fan it WK kin as drukkend waarm beskreaun wurde, de spilers hienen it dreech mei it dôchs wol ferriederlike benaude waar. Wat foel der dizze edysje op?

-Tsjipke O. net iens mei wat der oer him skreaun wurd en skeakelt toernooidirecteur út foar folgende edysje

-Bram van B. hie tennisles han en sloech út ferwarring syn broer del yn it earste duel

-It ûntbrekt Henk P. oan de Spaanske pipers

-Jaap T. is net iens mei de arbitrage

-Sjoerd van B. folop yn oefening foar it folgende iepenloftspul

-Jacob von W. hie shag mei

-“Gean no ris foar die bal Hendrik E.”

-Debút Sytze Hibma!

-Willem W. kaam op sokken it fjild op, welke de rest fan de wedstriid ek typearje.

-Ate Feike de B.  kaam net op syn sokken it fjild op,welke…..

Team Swart:

Willem W.,Hendrik E.,Henk. P.,Bram v. B. en Jacob von W.

Team Tropysk gekleurd

Sjoerd van B., Jaap T., Sytze H., Ate Feike de B. en Tsjipke O.

It begjin fan de wedstriid begong wat lau. De wedstriid waar iepen brutsen troch in stevich duel tusken beide Van Beems wer nog in treantsje om litte waar troch de âldste fan it stel. De wedstriid bleaun lang yn balâns mar bij in stân fan 3-1 foar team Swart wie de hikke fan de daam en waar it in walk-over.(de staveringshifker seit Waskkoer,mar dat is wat oars) Dat Team Tropysk Gekleurd eins noch skoart hat is suver wat flattearje. Bij in stân fan 7-1 waar it tiid foar de winnende goal. Team Swart , bang foar die iene útbraak welke in hiele edysje kin ferkloate, begong restich mei wat balbesit. Al snel waar dúdlik dat ek dizze winnende goal net út hannen waar joen, it waar mei in skerpe counter troch Jacob von W. ôfmakke. Der is moai foutballe op dizze simmerske neijûn. Kommende tongersdei is der wer in WK op it skopfjild om 8 oere!

Hoogachtend,

Stat. Alg. Dir. H.K. Engbrenghof


Harsens derby (228)
Dit is wer ris wat oars as in hoekskop……….