Weppers woansdei 9-3-2022

SDS-League: ‘Broodje Gakpo’ pakt de wykpriis!
8 maart 2022
Weppers freed 11-3-2022
11 maart 2022

SDS Vr.1 fuotballe tsjin sc Berlikum

De froulju fan SDS Vr.1 hawwe fannejûn far it earst yn tiden wer ris in kompetysjewedstriid fuotballe. De wedstriid gie mei 6-1 ferlern yn Berltsum, mar wat sille de froulju bliid west wêze dat sy wer ris efkes los koenen.

Fersiere

As je hast 75 jier bestean dan meie je de boel fersiere. By SDS is it kompleks al fersierd mei in moai SDS 75-jierdoek en sneons mei in moaie SDS-75-jierflagge. No hawwe Klaas de Haan en Andries Stuiver de ôfrûne wike ek it skoreboerd noch wat opfleurd. Jim kinne it sneon bewonderje.

3e-Klasse A

Justerjûn wienen der twa wedstriden yn de 3e-Klasse A fan SDS 1. Scharnegoutum 1 ferlear thús op it B-fjild mei 0-4 fan SVM. De topper tusken Heerenveense Boys en Sneek-Wit-Zwart waard 3-2. De deaferve kampioenskandidaat Sneek-Wit-Zwart hat de lêste 3 wedstriden no ferlern. Alle 3 wedstriden wienen tsjin konkurrinten foar de boppeste plakken namelijk SVM, Workum en no Heerenveense Boys.

Sneon

SDS 1 is wol wer ta oan in thúsoerwinning en sil sjen om dy sneon binnen te heljen tsjin Willemsoord 1. De wedstriid begjint om 14.30 oere.

Kantine iepen

Lykas foar de Korona is de kantine eltse tongersdeitejûn wer iepen. Moarntejûn sil Stefan van Krimpen foar de hapkes en snapkes soargje. Dat soe ferline wike al, mar doe Auke-Jetze it fan him oer. Moai meinommen is al it Europees Fuotbal op it grutte skerm.

Midsimmercup

Nei 2 jier sûnder Midsimmercup sil dit jier op sneon 25 juny de 17e Midsimmercup ferspile wurde yn Dronryp. Dit is in 5 tsjin 5-toernoai. De manlju fan SDS sille ek mei in ploegje fan de partij wêze.

SDS-ledengearkomst

Op woansdei 13 april sil dan eindelijk de útstelde ledengearkomst fan novimber 2021 plakfine. De aginda folget en kinne jim fine yn de Treffer fan maart/april.

Lokwinske!

Sawol Tjeerd Dijkstra (SDS 5) as Enne-Jehannes Bruinsma binne de ôfrûne wike pake wurden. Fan herte lokwinske!

Lokwinske!

De keeper fan SDS 3, Marten Faber, is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!

Lokkich genôch kin Marten faker syn jierdei fiere dan syn favorite klup kampioen wurdt…. 😉

Harsens derby (2357)

Knap hersteld!