SDS-League: ‘Broodje Gakpo’ pakt de wykpriis!

Foar 10 euries nei sc Heerenveen – Heracles
7 maart 2022
Weppers woansdei 9-3-2022
9 maart 2022

It is dizze wike ‘Broodje Gakpo’ fan Bauke Dijkstra & Dirk en Stefan Kuperus dy ’t de wykpriis pakt yn de SDS-League. Sy hawwe krekt 2 puntsjes mear as de ‘Roggeberg Boys’ fan Auke Eringa en 3 puntsjes mear as ‘Kallo Legends’ fan Lourens van der Pol.


‘Happy Feet’ fan Emke en Habtamu de Hoop binne net allinnich harren keeper Pasveer(AJA) kwyt, mar ek de kopposysje. ‘FC (Arjan) Hallema’ nimt de kopposysje oer, mar hat mar ien puntsje foarsprong op ‘Toastje Kip-Kerrie’ fan Hendrik Engbrenghof en ‘vv DWO’ fan Durk Okkema.

Seriette Strikwerda wie mei ‘Tadic on Fire’ wat ûnderút sakke, mar stiet no wer kreas yn de top 10 nei ferline wike noch 23e te stean.

Matthijs Postma wûn de earste helte fan de SDS-League en soe dat mei ‘Two tomes in a row’ wol efkes oerdwaan. Hy stiet no 47e en liket sa mear op ‘Two times yn ‘e  rou…….’….

Mei sc Heerenveen giet it alderbelabberst, dus ek mei Johan Delfsma en no ek mei syn teams yn de SDS-League. ’10 winterstransfers’ fan Anouk en Johan dogge it better as de winteroankeapen fan sc Heerenveen, mar steane mar op in 50e plak. ‘Stuur mar in Tikkie’ fan Johan sakket hielendal troch de ûndergrins en stiet no stiif lêst.

SDS League 2021-2022 stand twadde helte wike 5