Weppers woansdei 9-12

Weppers tiisdei 8-12
7 december 2009
SDS League: Sjoerd Rispens pakt wykpriis!
10 december 2009

Nije trainer
SDS hat foar it folgende seizoen Jaap de Blaauw as nije trainer oansteld foar de A-seleksje. De Blaauw is op it heden trainer fan Blauw-Wit ’34. Yn it fiere ferline hat hy ek trainer west by Harlingen en Broekster Boys. Dêrnei hat hy yn it súden fan it lân trainer west. De âlderen ûnder ús sille him miskien ek noch wol kinne as âld-fuotballer fan SC Heerenveen, SC Cambuur en Go Ahead Eagles.

Noch gjin nije klup
Dick Schuurman hat noch gjin nije klup foar folgend seizoen. Hy sjocht rêstich om him hinne. Wy binne benijd wêr ’t hy bedarret.

Jûn gearkomst jeugdtrainers en -leiders

Beste leiders/trainers,

De eerste seizoenshelft loopt op zijn eind en de winterstop komt al in zicht. Maar voordat het zover is willen we als TC en JC jullie van harte uitnodigen voor het bijwonen van de 2e leiders/trainersvergadering van dit seizoen op woensdag 9 december om 19.30 uur in het verenigingsgebouw “De Skoalleseize” in Easterein.

Op de agenda staan de volgende punten:

-Mededelingen

-Nieuws vanuit JC/TC

-Winterprogramma

-Evaluatie eerste seizoenshelft

-Organiseren ouderavond

-Uitdelen nieuwe coachjassen

-Rondvraag/sluiting

We zien jullie graag vanavond!

Hartelijke groet,

JC/TC SDS

Bij afwezigheid graag afmelden bij Rudy Dijkstra (06-22916180) of Ab Scheepvaart (332604)

Basketballe
Eltsenien wit wol dat der in bult SDS’ers net allinnich útblinke yn fuotbaljen, mar dêrnêst ek goed binne yn oare sporten. Nim Stoffel (sjit alles út de loft wat los en fêst sit), Aant (kin lizzend hiel goed fytse) en alle blokjerinners fansels. It docht no ek bliken dat wy ek 2 hiele goeie filmkemakkers hawwe. Sjoch hjir mar ris. Ja, sy kinne ek wol aardich basketballe ynderdaad.

SDS League
Eeltsje Postma en Hjalmar Ruiter hawwe harren ynset betreffende wa ’t it heechst yn de SDS League eindigt ferhege. It giet no om €20,- oftewol 2 kratsjes bier by de Poiesz. Wy sille moarntemoarn betiid sjen wa ’t it measte kâns makket.

Harsens derby (96)
Sa ’t eltsenien wol wit hawwe lykas keepers ek de measte trainers in stekje los. By Graeme Souness sit der net in stekje fêst: