SDS League: Sjoerd Rispens pakt wykpriis!

Weppers woansdei 9-12
9 december 2009
Weppers tongersdei
10 december 2009

It is fan ‘e wike Sjoerd Rispens dy ’t mei “Carolien laat je ******”(hy sil wol “punten” bedoele……) de wykpriis pakt. Mei mar leafst 44 punten knalt hy sa de top 10 binnen. Hy stie 11e en stiet no dielt 5e mei “Keessie Kwakman” fan Kees Adema.

Sjoerd Rispens dy ’t serieus syn team foar de SDS League gearstalt

“Alles op Elyounoussi” fan Paul Reitsma liket sûnder konkurrinsje op de haadpriis ôf te fleanen. Hy rint wer út en stiet no mar leafst 18 punten foar op de nije nûmer 2, “Boem boem Baarda” fan Dirk-Yde Sjaarda.

“Op naar de Top” fan Marten Faber hie it wykein wat pech. Björn Vleminckx(NEC) makke snein yn de wedstryd tsjin FC Twente 2 doelpunten yn de earste helte en dat die Marten goed. De reade kaart yn de twadde helte koe Marten minder goed brûke. Dit kostet him 5 punten en no sakket “Op naar de Top” wer in plakje fan 2 nei 3. Dêrby wurdt Vleminckx heechstwierskynlik ek noch skorst foar 4 wedstriden. It skeelt, dan kin hy ek gjin reade kaarten mear pakke…………..

Eeltsje Postma pakte dizze wike mei “Feueeeeerr” 34 punten. Dit is ien puntsje mear as Hjalmar Ruiter. Eeltsje stiet no 16 punten foar op Hjalmar.

Jacob-Klaas Haitsma hat it blykber drok no ’t hy tegeare mei de freondinne yn Easterein wennet. hy hat yn elts gefal net folle tiid foar syn team yn de SDS League. Hy pakte dizze wike mei “Hajduk Haitsma” mar 4 punten en dat betekent dat hy sakket fan 41 nei 61 yn de stân.

“FC Supermario” fan Doede Rients Okkema stiet noch altiten stiif lêst. Al is hy wol 8 punten tichter by “SC Hinaard” kommen fan Immie Kamstra. It gatsje is no noch 5 punten.


Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 11.