Weppers tiisdei 8-12

Weppers moandei 7-12
6 december 2009
Weppers woansdei 9-12
9 december 2009

Seal: SDS 1 wint yn Staphorst
SDS 1 hat justerjûn mei 4-3 wûn fan ZVVS 1. Yn in drege pot koe SDS 1 oan ’t it lêst de foarsprong mei súkses ferdigenje. Opfallend wie it debút as keeper fan Tsjipke Okkema. Hy keepte in knappe pot. Nei Jaap, Jan-Simon en André Bons wie dit al de 4e keeper dy ’t by SDS 1 ûnder de latte stien hat.
Freek (3x) en Feite makken de goals. Freek miste ek noch in penalty, mar koe mei help fan Jildert de rebound dochs noch binnen sjitte.

Traine
De B-seleksje traint jûn om 19.30 oere.

Traine (2)
De A-seleksje traint tongersdei gewoan om 20.00 yn Easterein. Dit soe yn Snits mar de froulju fan SC Heerenveen hawwe it fjild nedich om in kompetysjewedstryd te fuotbaljen.

SDS 1 spilet lyk
SDS 1 hat moandeitejûn oefene tsjin Makkum. De wedstriid einige yn 1-1. Makkum kaam nei sa ’n 30 minuten mei 1-0 foar en dat wie ek de stân mei de rêst. It wie in minne wedstriid fan SDS-kant, Makkum spile dêryntsjin fel en om te winnen. Ljochtpuntsjes wienen de jongens út de A’s (Jacob, Wytse en Elger). Dy spilen hiel aardich. Dirk-Yde makke de 1-1 nei in knap passke fan Erik.
Dirk-Yde, Jaap en Dick.

Nochris dr Goossens
Dooitze Nauta lit ús witte dat hij it iens is mei de Belgyske dokter. Sjoch weppers moandei.

SDS League
Moarntejûn hoopje wy hjir de nijste stân stean te hawwen.

Begjinside
Dyselde Dooitze wiisde ús der op dat de wiete foto fan juster op de foarside net motivearend wie. Neffens him is it aardich opdroege. Miskien is dizze foto dan better:


VI-kwis
Hjir in VI-kwis oer bondscoaches. Der sitte in pear nuvere pipernúten by (klik hjir).

Harsens derby (95)
Dizze keeper is net allinnich de kluts kwyt:
(klik
hjir).