Weppers woansdei 8-6

Weppers moandei 6-6
6 juni 2016
Alles oer de ôfskieds-wedstryd fan Anne Brouwer
9 juni 2016

Freed ôfskiedswedstryd Anne Brouwer
Freed om 18.00 oere hawwe wy op it B-fjild yn Easterein de ôfskiedswedstryd foar Anne Brouwer tusken SDS 1 en âld-SDS 1. Wy hoopje dan ek op in soad minsken.
Nei de tiid is der in barbecue. Alle spilers dy ’t meidogge dogge hjir oan mei en de lju dy ’t harren hjir foar opjûn hawwe fia de webside. Mochten je ek noch graach meidwaan wolle lit it dan efkes witte fia info@vv-sds.nl. De kosten binne €10,- p.p. Fansels kinne je nei de tiid ek efkes ien keapje sûnder te barbecuen.


Inleveren Materialen

Willen de leiders en trainers van de teams hun materialen inleveren vóór 20 juni 2016.

Dit kan plaats vinden bij K. de Haan, A. Joustrastrjitte 11, 8734 GJ Easterein,

telefoon 0515 – 332182, e-mail: klaasenakke@ziggo.nl.

Dit geldt ook voor de sleutels indien je ze voor volgend seizoen niet meer nodig hebt.

Mocht dit niet mogelijk zijn gaarne even contact opnemen met K. de Haan.

Wij vertrouwen op jullie medewerking.

Willem Twijnstra, coördinator materiaalbeheer v.v. S.D.S.

Drok dwaande!
Der wurd op de Skoalleseize keihurd wurke om it haadfjild ree te krijen foar it nije keunstgersfjild. Ynkoarten kinne wy jim hjir fêst mear ynformaasje oer jaan. Hjir yn elts gefal fêst in foto:


C1 traint troch!
De mannen fan C1 kinne mar gjin ôfskie nimme fan it fuotbaljen en traine gewoan troch. Tongersdeitejûn traine sy wer op it skopfjild yn Wommels fan 18.00-19.00.

Tongersdei giet it WK (Wommelser Kampioenskip) los!
Eale freonen fan it Wommelser Kampioenskip(WK),
De fuotbalskuon stean alwer te triljen yn e kast. Yn it fet? Neat derfan! It WK stiet foar de doar! Werom sjoen op it seizoen fan SDS kinne we net oars konkludearje dat it oer de grutte linie nommen wer tige slagge is. SDS1 is mei gemak yn e 3e klasse bleaun. SDS2 mei net heger as it 1e spylje wertroch sy der ek foar koazen hawwe om yn de reserve 3e klasse te blieuwen. SDS3 is under de besieling fan in pear âld rûtinees wer kampioen wurden en SDS 4 hat dit jier ek wer in hiel seizoen fuotballe. De kers op ‘e taart wie de prestaasje fan de A’s. De A’s binne namelijk dit jier sear knap kampioen wurden wertroch sei promovearje nei de Haadklasse.
It tema fan dit jier hat lykwols gjin betrekking op de heren, mar op de froulju. Je wolle dizze tak fan it fuotbal noch wolris ferjitte oansjoent it nivo faaks te fergelykjen is mei de E-junioaren. De froulju fan SDS unstegen foarneamde nivo en waren prachtich kampioen dit jier! Om harren klear te stomen foar de hegere klasse wolle wy se graach utnoegje foar it WK fan 2016. De WK slogan fan it jier 2016 is dan ek; In frou is krekt in poddestoel, as je de ferkearde treffe gean je der kapot oan.
De reade rinner is utleint, de goaltsjes stean klear, de hesjes binne wosken en de bal is op 0,8 bar brocht. Graag woene wy op tongersdei 8 juni 2016 om 19:30 los gean mei de edysje 2016 fan it WK. Ik hoap jimme dan allegear wer te ferwolkomjen!
Út namme fan it WK Bestjoer,
H.K. Engbrenghof
Hjir alfêst in foarpriuwke.

Oanmelde by SDS
As je by in oare klup fuotbalje en graach nei SDS wolle dan moatte je je foar 15 juny oanmelde. Dat kin troch middel fan it relaasjenûmer troch te jaan oan ledenadministraasje@vv-SDS.nl. Sjoch hjirûnder.


SDS EK-League
Freed giet it EK los yn Frankryk. Jim kinne noch meidwaan oan de SDS EK-League. Ful dit formulier yn en leverje it foar freed 18.00 oere yn! It kostet mar €10,- en rekkenje mar dat je der foar folle mear jild oan wille oan belibje!


Harsens derby (1722)
As de keeper fan Ingelân dit al kin, dan koenen sy wolris hege eagen smite op it kommende EK.