Weppers moandei 6-6

Slachte toppers
4 juni 2016
Weppers woansdei 8-6
8 juni 2016

VR 1 op in toernooi
Op 28 maaie die SDS VR1 mei oan in fuotbaltoernooi yn Hurdegaryp. Hoe’t it gien is witte wij net, mar de foto’s kinne jim
hjir sjen.

EK League
It giet hurder as jim tinke, want kommende freed giet it al los yn Frankryk. Meidwaan oan de EK betsjut wol dat der in formulier ynlevere wurde moat. Sjoch
hjir foar mear ynformaasje.
Omdat wij se allegear yn it bestand type moatte, wat noch wol wat tiid nimt, soene wij it op priis stelle dat jim net wachtsje oan de lêste dei. Oars misse wij aansens ek noch de earste 5 wedstriden omdat we noch dwaande binne…..
De famylje Faber-Yntema is der efkes foar sitten gien, want wij dêr melden 4 sich as dielnimmer.

Nea wer
“Nea wer nei Easterein” is sa’n kreet dy’t ús wat hingjen bleaun is út it skiere ferline fan Heerenveense Boys. It wurdsje nea kin ferfongen wurde troch “wol”, want de Boys dy’t it wolris wat heech yn it kopke hawwe, binne no ek tredde klasser. Wij soene sizze wolle: fan herte wolkom bij SDS.

Harsens derby (1721)
Toet, toet!