Weppers woansdei 8-12

Weppers tiisdei 7-12
7 december 2010
Weppers tongersdei 9-12
8 december 2010

Oflast
De KNVB is der moai op tiid bij. It kommende wykein giet it amateurfuotbal net troch (sjoch hjir).

Dus oefenje
SDS 1 sil no sneon om 12.15 op it kuenstgers fan LSC oefenje tsjin Nijlân 1.

Jeugd
Jûn is de lieders en trainersgearkomst foar de jeugd. It begjint om 19.30 oere. Der wurdt foarút en werom sjoen.

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
SDS 1 mei jûn om 19.00 sealfuotbalje yn Sint Nyk tsjin Renado 1. SDS2 spilet om 20.30 thús tsjin ZVF 2.

Gjin trainen
Y.f.m. de hurde fjilden hawwe de froulju jûn gjin trainen. Groetnis,
Bauke en Sytze

Kaarte
Hjir noch de útslach fan it klaverjassen fan ôfrûne sneon:
1ste Douwe Dirk Reitsma 5510 pnt
2de Harm Bergsma 4992 pnt
3de Popko Wijnia 4877 pnt
4de Geert Dijkstra 4831 pnt
Om ’t it fuotbaljen foar sneon alwer ôflast is, wurdt der kommende sneon ek wer kaarten.
We gean los om 13.30 oere.
Kaarte wer 3 bomen.
De ynlis is 3 euro 
Anny

Frank de Boer
Jol wie net ús favoryt. Neatsizzende saaie teksten.  Altyd moeilik sjen. Glundere allinne at it oer syn broer en Mido gie. Wij binne bliid mei Frank de Boer. Dy hat in altyd in goed ferhaal. Foaral mei syn broer. Hear
hjir.

Mopke
Wat is de oerienkomst tusken Martin Jol en Sinterklaas?
……Sy stappe beide op 6 desimber op en nimme harren staf mei…….

Sealtoernoai B en C junioren

                      18 DESIMBER
 
           Opjaan by Bote Strikwerda
                bote_6@hotmail.com
(opjaan kin oant en mei woansdei 15 desimber)

Harsens derby (349)

Nei sa ’n prachtige eigen goal meie je best in bytse juige: