SDS League: Brammetje koprinner!

Weppers woansdei 7-10
6 oktober 2009
Weppers tongersdei 8-10
8 oktober 2009

Sûnt dit wykein is der in nije koprinner yn de SDS League. De “Berrieboys” meitsje plak foar Bram van Beem. Hy bliuwt Frank en Remco Bervoets en Pieter Sytsma krekt in puntsje foar. Broer fan Bram, Sjoerd, sjocht net op fan dizze foar ús ferrassende ûntwikkeling. Sjoerd liet ús sjen dat Bram as lyts jonkje thús ek al in echte (op ‘e) koprinner wie……….


Johan Delfsma pakt fan ‘e wike mei “Heitiedopoulos” de wykpriis. Johan kin dit fersetsje wol brûke no ’t it net sa goed giet mei syn grutte favoryt SC Heerenveen. Johan docht der dan ek fan alles oan om de Feansters wer yn de race te krijen. Dêrom koe hie ôfrûne snein net nei it Abe-Lenstra-stadion om SC Heerenveen – VVV te sjen en gie hy te karten yn ……..Venlo. Wy hoopje dat hy ek wer yn de kart nei hûs ta moast.

Nei 4 wiken binne wy der wol efter dat der net in team yn de SDS League lyk is. Dochs binne der in pear wêrby it liket of hawwe de koaches nêstinoar sitten doe ’t sy de opstelling makken. Sjoch b.f. nei de nûmers 31 en 32, “The Red Wings” fan Bote Strikwerda en “Carolien laat je …… zien” fan Sjoerd Rispens. Sjoch ek ris nei “Op naar de top” fan Marten Faber en “’t Het noait wat weest, sil noait wat wurde” fan Pieter Kamstra op nûmer 3 en 4. Sy ûntrinne mekoar ek net folle.

“Fit bliuwe A.U.B.” fan Hendrik de Jong hat blykber wat lêst fan blessuregefallen. Hy sakket fan 11 nei 37.

Sytze Kooistra is mei “Atletico Ananas” de nije reade lantearndrager yn de SDS-League. Hy nimt dizze oer fan “Supermario” fan Doede Rients Okkema.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 4.