Weppers woansdei 7-1

Weppers tiisdei 6-1
6 januari 2009
Weppers tongersdei 8-1
7 januari 2009

Froulju helje in gelykspul
De froulju hawwe justerjûn yn de Wiardahal yn Ljouwert in moai gelykspul helle tsjin Berltsum op it midwintertoernooi. De seal waard hast ôfbrutsen fan entoesjasme nei it doelpunt fan Sieta.
De oaren ploegen wiene te sterk: HZVV 10-0, Heerenveen 9-0, DTD 5-0 en Ternaard 1-0.
Spitich dat Annewil mei in ferfelende blessure nei it sikenhûs moast.
 
SDS 1 derop út!!
Kommend wykein giet SDS 1 derop út! Bestemming
is foaralsnoch in mysterie, mar wat wol fan belang is
dat we om 11.04 oere de trein pakke fanút Ljouwert.
Foar de measten betekent dat dat we om 10.31 oere
mei de bus fanút Wommels fertrekke. De oaren sjogge
op it treinstation yn 058. 
Wês op tiid, oant sneon!! 
Marten
Gert-Jan
Dirk-Yde

Greidhoeketoernoai
Zaterdag 10 januari  begint het Greidhoeketoernooi ook voor de E pupillen het toernooi begint om 9:00 en eindigt om 12:00.  Graag om 8:45 aanwezig zijn en meld je aan bij het bestuurslid bij binnenkomst. 
m.v.g  Jan Bouke

Nijtsjes
Nêst alle kwiskes, musyk en oare ferdivedaasje wie der ôfrûne sneon ek noch wol wat nijs te melden op de nijjiersresepsje. Moarn mear hjiroer.

Fette hap
Út sear ûnbetroubere bron hawwe wy fernaam dat it by SDS gebeurd is mei de fette hap nei de wedstryd. Spilers fan de prestaasjeteams sille ien kear yn ‘e wike op ‘e weegskaal en kin dus better de fette hap meie. SDS sil noch op syk nei in diëtiste(klik
hjir).

Studio Spaan
Wy kinne der gjin genôch fan krije: