Weppers tongersdei 8-1

Weppers woansdei 7-1
6 januari 2009
SDS League: Team Toering pakt 1e priis!
9 januari 2009

Trainen gie wol troch
Hjir ûnder stiet in berjocht oer it trainen. Wij hawwe krekt trochkrigen dat de kantine net iepen is en dat it trainen wol troch giet. Omdat der net folle minsken ferwcahte waarden. Nei’t it skynt hat men lekker traind.

Traine
Neffens ús ynformaasje sil SDS 1 jûn foar it earst dit jier wer traine. Wy hawwe heard dat Jacob-Klaas korvee hat. Degene dy ’t korvee hat by SDS 1 dy soarget nei de training foar wat hapkes en snapkes. Wy ferwachtsje jûn hite poeiermolke en in stik koeke nei it trainen. Yn de keuken fan de kantine stiet miskien ek noch wol wat snert wat oerbleaun is nei de snertrin. Mochten de spilers hjirnei noch net waarm genôch wêze dan ride wy de fles Beerenburch oan. Proost!!

Bytekene(1)
De foarsitter fan SDS, Douwe-Dirk Reitsma, hat sneon bekend makke dat de haadsponser fan SDS, American Base, en co-sponser, Hanzedruk, foar in jier bytekene hawwe. Hy liet witte hjir tige wiis mei te wêzen.

Bytekene(2)
Net allinnich haadtrainer fan SDS 1, Dick Schuurman, en striker Dooitze Nauta hawwe foar in jier bytekene by SDS, mar ek leider René Zijlstra.

Wer fuotbalje
Ek waard sneon bekend makke dat Gert-Jan Hiemstra it wer probearje sil as fuotballer. Hy hat gjin lêst mear fan syn âlde blessure en wol it noch ien kear probearje. Yn welk team as hy fuotbaljen giet is noch net bekend.

De SDS-sjaal

Wa’t Sjoerd van Beem sjocht, sjocht ek altyd in SDS sjaal. Hij is dêr tige wiis mei.
Doe’t hij ferline wike oan it liftsjen wie mei Teade de Boer doe like it der efkes op dat de sjaal net langer yn Sjoerd syn besit bliuwe koe. Wat wie it gefal.  De mannen krigen in lift en de lifjouwer sei: “Dit is allegear leuk, ik jou jim in lift mar wat is jim tsjinprestaasje?.”
De mannen fielden yn de lege bûsen en grypten al nei harren leuke pet. “Oars moatte je dy mar ha”, sa seine se. De man wie net entoesjast en úteinlik waard de sjaal fan Sjoerd oanbean. En krekt foardat de oerdracht plak fine soe, rôp ien de twa lifters: “ Wij wolle it Fryske folksliet ek wol foar jo sjonge.”
De man fûn dat noch in better idee as in SDS sjaal. En Sjoerd en Teade setten trije noaten te leech it Fryske folkliet yn en stelden ûndanks dat grû-û-ûn no wol hiel leech songen waard in  sjouffeur tefreden.

Bas
Bas hat syn oerwinning yn de fotokwis analyseard:
It skeelt seker wol by sa’n kwis dat je om de hege tafel sitte; de 1e acht mannen sieten allegear om deselde tafel………………………?????????
It antwurd Geert Poeze makke it ferskil? Of wiene der mear die dat goed hiene?
Respect foar Anne-Marije dat die myn hânskrift ûntsiferje koe!

Antwurd op de fragen fan Bas:
Mear hege tafels yn de kantine!
Poeze it ferskil? Dat soe best ris kinne. Der wiene mar in bytsje dy’t dat seagen.
It hânskrift fan sommige oaren wie noch minder.

Dukke
Dukke van der Weij wit wa ’t der op dizze foto steane. Neffens har binne it Annie, Eke, Dukke en Jeltsje.
 
(Foto: Henk Bootsma)

Annewil
Tidens it futsallen bij it Midwintertoernooi krige Annewil Zijlstra earst in tikje op de foet en dêrnei gie der ien op stean. De fot dy’t makke is yn it sikenhûs koe net goed útslútsel jaan dat er wat stikken wie, mar de earste wike sit de foet wol yn it gips. Sterkte der mei.

SDS League
Ôfrûne sneon waard op de nijjiersresepsje bekend makke dat de SDS League wûn is troch Jaap Toering. Jim kinne der jûn mear oer lêze.

Studio Spaan
Hjir noch mar wer ris ien fan de hichtepunten fan de DVD fan Studio Spaan: