Weppers tiisdei 6-1

Winterprogramma SDS 2
5 januari 2009
Weppers woansdei 7-1
6 januari 2009

SDS 1 úskeakele foar Midwintercup
SDS 1 is der juster net yn slagge om de finales fan de Midwintercup te heljen. De lêste wedstryd hienen sy alles noch yn eigen hannen. Sy moasten winne fan Wergea (fan trainer Cees Jansen) om de folgende ronde te heljen. Wergea die nergens mear foar mei en koe frijút fuotbalje. Hjir koe SDS net mei omgean en stie al gau mei 1-0 efter. Nei de 1-1 fan Harm gie SDS op syk nei de 2-1, mar krige sels it heft op de noas, 2-1 foar Wergea. Nei in reade kaart foar Peter wie it hielendal dien.
SDS – Holwerd 2-0
SDS – Exstador 2-1
SDS – Blauw-Wit ’34 futsal 1-2
Avanti – SDS 0-0
SDS – Warga 1-2
De finalisten fan 2007, Exstador en Avanti, binne troch nei de folgende ronde. Opfallend is dat SDS fan dizze twa ploegen juster 4 punten pakte………..

Midwintercup (2)
Jûn binne de froulju fan SDS oan de beurt foar harren foarrondes foar de Midwintercup. Sy spylje yn Ljouwert yn de Wiardahal. Dit is harren programma:
19.30: HZVV – SDS
20.00: SDS – SC Berlikum
20.30: Futsal Heerenveen – SDS
21.15: SDS – Ternaard
22.15: DTD – SDS
De froulju hawwe in aardich drege poule. HZVV wie foarich jier noch winner en Futsal Heerenveen is ek net ien fan de minsten.

Winterprogramma
Spesjaal foar de winter hat de KNVB efkes in oanfulling op de speeldagenkalinder makke (klik
hjir).
De KNVB hat foar SDS ynmiddels al wat ynhelwedstriden ynpland foar jannewaris. Sjoch
hjir foar it programma fan SDS-teams foar de kommende 4 wiken.

BHV
Allereerst de beste wensen voor een sportief 2009. We hopen een vertrouwde en prettige samenwerking, en natuurlijk op vele uurtje voetbalplezier. 
Graag wil ik mvan de gelegenheid gebruik maken om een oproep te doen aan alle mensen die een EHBO-diploma in bezit hebben. (ook evt. BHV-ers mogen zich melden)
Binnen SDS willen we een lijst aanmaken om een overzicht te krijgen van die mensen die een AED kunnen en mogen bedienen. Mar ook voor andere calamiteiten is het nodig om te weten wie je om hulp kan vragen.
Tevens kan je je opgeven om aan een cursus AED deel te nemen. 
Ik hoop spoedig (voor 10 jan) op een reactie. 
Vriendelijke groetjes vanuit het wedstrijdsecretariaat. 
Andre en Tineke Vink

Utslach fotokwis
36 briefkes krigen wij binnen en dat is prachtich. Prachtich is ek dat it suver noch in spannende striid waard. Bas van der Weij is de fotokenner fan SDS want hij hie mar leafst 90 goed.
Mar der wiene ferskillende dielnimmers dy hiene mar in pear puntsjes minder. Hjir ûnder de folsleine list mei tank oan Anne-Marije dy’t it allegear útsocht hat.

  goed
Bas van der Weij 90
Pieter en Feite 88
Hampie en Robert 88
Jeroen Brouwer 88
Immie Kamstra 87
Sietske Okkema 87
Auke Foppe Hiemstra 85
Floris  84
Skelte Tsjeard 84
Douwe Reitsma 84
Tsjipke en Jacob Klaas 83
Pep de Boer 82
Anke en Wiepkje 82
Marco en 6 freonen 80
Jan Simon Remco Bote 80
Gatske 80
Willem Pieter Harm 80
Enne,Klaas  Durk 79
Ids Sybren 78
Anco 78
Bertus 78
Dennis 77
OneTwoTrio 77
Eke Sybesma 76
Tiny Hoekstra 76
Ralph en Eeltsje 74
Anna-Marie Wijnia 74
Pyrik Hiemstra 74
Ype, Lolke Daan 73
Ids en Tjeerd 73
Anny Sjaarda 73
Popko, Meinte, Anne 68
Hotske en Baukje 65
Enno,Yde, Tinus,Rein 52
Uiltje, Harm Willem 43
Erik Haitsma 1

En Bas krijt ynkoarten de prachtige DVD fan Studio Spaan.

Fotokwis

Wij kinne der fansels net ûnderút om ta ôfsluting fan ús fotoweppers ek in foto fan 4 herkenbere froulju te pleatsen. It foel ferline wike net mei oan de konten en ôfsakke broeken te sjen hokker mannen it wiene. Mar kinne jim oan de hân dizze skonken wol sjen wa’t dit binne? Maile kine dizze adressen .
De foto is fansels fan Henk Bootsma.

Noch mear foto’s
Enne Bruinsma hat sneon ek noch wat foto’s makke tidens de nijsit. Jim kinne se
hjir sjen.

Studio Spaan
Bas van der Weij hat de DVD fan Studio Spaan wûn, mar ek jim kinne hjir wer efkes genietsje fan ien fan de hichtepunten fan dizze DVD: