Weppers woansdei 7-1

Opjaan SDS-sealtoernoai
6 januari 2015
Skoalleseize skjinmeitsje!
7 januari 2015

OFK (3)
Ôfrûne freed gie it Iepen Frysk Kampioenskip Sealfuotbal (OFK) wer los yn Frjentsjer. Jûn meie de fjildfuotballers fan SDS 1 los en moarn is it de beurt oan de âld-sealfuotballers.
Yn 2005 wie it Foarút dy ’t wer ris wûn. Foar de earste kear net mear yn it FEC, mar yn sporthal De Trije yn Frjentsjer. SDS wûn it it jier dêr foar noch yn it FEC en wienen dit kear miskien noch wol sterker. Dit kear ûntbruts it bytsje gelok of wie Foarút yn de kwartfinale gewoan slimmer?
By de froulju gie de winst nei Oranje Nassau Grins. Sjoch
hjir.

SDS 1 (fjild) jûn op it OFK
SDS 1 (fjild) fuotballet jûn mei Jaap, Erik, Teun, Hendrik, Skelte, Jelmer en Wytze op it OFK yn Frjentsjer mei hooplik in bult SDS-supporters op de tribune. De earste wedstryd is tsjin SC Berlikum om 19.40. Sjoch hjir foar harren hiele skema.
VV Irnsum docht net mei en yn plak dêrfan spilet SDS 1 tsjin SC Franeker.

Seal frij
De sealfuotballers fan SDS 1 hawwe jûn frij fan kompetysjefuotbaljen. Dat betsjut dat de hal yn Easterein jûn frij is fanôf 20.30. As der in team is dy ’t hjir graach gebrûk fan meitsje wol troch in oerke yn de seal te trainen dan graach maile mei info@vv-sds.nl.

Sealtrainen
Ferskeidene jeugdteams traine net allinnich op keunstgêrs yn Snits, mar traine ek noch yn de seal yn Easterein. Sjoch
hjir foar it skema.

Traine
SDS 2 sil lykas SDS 1 tiisdei 13 jannewaris wer foar it earst traine.

Oefenje
De earste oefenwedstryd sjogge wy ek alwer op it programma stean. SDS 2 sil sneon 17 jannewaris thús oefenje tsjin HJSC 1 út Hommerts/Jutryp.

Antwurden kwis
Foar de leafhawwers noch efkes de antwurden fan de kenniskwis op 3 jannewaris. Sjoch
hjir

Ferkearde sjalen
Wij hawwe noch in foto lizzen fan in ferkearde sjaal. Al wer yn fan scHearrenfean. Moarn pleatse wij dizze. Mar wij witte dat er ek noch in hiel bijs☼ndere “ferkearde sjaal ” is. Iets mei in CL finale. Wij wachtsje op de foto.

Brân yn de Arena

Harsens derby (1406)
Soks meie wy wol lije: