SDS-League: ‘MarkEeltje’ pakt de wykpriis!

Weppers tiisdei 5-3-2019
5 maart 2019
Weppers woansdei 6-3-2019
6 maart 2019

Eeltje Postma pakt tegeare mei syn freondinne Marije wer ris de wykpriis mei ‘MarkrEeltje’. Sy hienen mar leafst 71 punten en lieten de konkurrinsje fier efter harren, al siet ‘Brekken Boys’ fan Okke van der Kamp der noch net iens safier ôf mei 68 punten en Jan Mulder ek net mei ‘Bulder’ mei 67 punten.

2 bofkonten dizze wike! Mahi skoorde dit wykein twa kear foar FC Groningen. Dit wylst hy hast fuort soe yn de winterstop, mar úteinlik dochs bleaun. Sawisa hawwe ‘Sowieso boven Johan Delfsma’ fan Eeltje Postma en ‘Niffo!!’ fan Erik Haitsma Mahi yn it team al twifelen sy hiel lang………… In knappe posysje yn de SDS-League levert it noch net op, want sy steane respektyflijk noch mar 25e en 37e.

Okke grypt mei ‘Brekken Boys’ dan wol krekt njonken de wykpriis. Syn wike kin net mear stikken! Hy pakt namelijk de kopposysje en slaat lyk in gat mei nûmer twa, Jan Mulder mei ‘Bulder’ fan 9 punten. Jan-Simon Jelsma sakket mei syn ‘Jelsmanian Devils’ fan de kopposysje nei it 3e plak.

De stân yn de SDS-League is aardich oer de kop gien. Foar sommige is dit posityf útfallen en oaren wat minder. Sa sakket ‘Aan de kant ik moet naar’t stadion!’ fan Sjoerd van Beem fan it 3e nei it 16e plak en ‘FC Underdog’ fan Anouk Delfsma sels fan it 2e nei it 22e plak……..

‘Dirk’s Angels’ fan Dirk Stegenga giet as in raket en giet fan it 24e nei it 6e plak. ‘Beter Horen’ fan Frank Bervoets giet fan it 33e nei it dield 9e plak en ek ‘MarkrEeltje’ stiet dield 9e nei 35e stien te hawwen.

Underyn liket Henk Postma wer foar de reade lantearn te gean. Nei 4 wiken stiet hy eindelijk wer ûnderoan mei ‘Henkie Cola’.

 

SDS League 2018-2019 stand twadde helte wike 4