Weppers freed 6-3-2020

Weppers woansdei 4-3-2020
4 maart 2020
Sneon 7-3-2020
6 maart 2020

Makkum 1 – SDS 1   (15.00 oere)

SDS giet moarn op jacht nei de Perioadetitel. Fansels hawwe sy it net yn eigen hân, want dan Scharnegoutum moat dan fan koprinner Workum winne en Heerenveense Boys mei net winne fan SVM. Dochs is it fertrouen grut om  yn elts gefal te winnen fan Makkum en dan sjogge wy dêrnei wol wer. Dizze seleksje mei it moarn dwaan:
1 Jaap©, 2 Luuk, 3 Erik, 4 Remco, 5 Jelte-Pieter, 6 Pieter, 7 Peter, 8 Wiebe, 9 Habtamu, 10 Matthijs, 11 Lourens, 12 Marco, 13 Steven en 14 Hendrik

FC Harlingen VR 1 – SDS VR1 ( 14.00 oere)

It programma fan SDS Vr.1 is wat ûngelyk, mar wy geane der fanút dat sy moarn wer los meie. Dizze seleksje giet moarn fol foar de 3 punten:
Alissa, Annemiek, Dina, Femke, Gerry Edou, Hester, Janieke, Jeska, Marjo, Marrit, Richtsje, Sandra en Seriette.

SC Veenwouden 2 – SDS 2 (14.30 oere)

SDS 2 kin wol wer ris in oerwinning brûke en as dat op it gêrs fan Veenwopuden bard is dat dikke prima. Dizze seleksje sil der fol foar gean:
Peter, Jacob-Klaas, Bauke, Arjen, .Ewout, Jesse, Jort, Jurjen, Niels, Robin, Sjoerd de V, Tjeerd en Wesley.

SDS 3 – Makkum 3 (14.30 oere)

Eindelijk mei SDS 3 wer ris los. De seleksje is dan ek sa goed as kompleet, mar ek wer net:
Sjoerd W, Anne, Haye-Jan, Hendrik, Jelmer, Jildert, Mark, Piter, Sjoerd, Skelte, Stefan, Watze-Jacob, Willem en Yward.

SDS 4 – Oeverzwaluwen 4 ( 14.30 oere)

Hoe fierder as wy yn it seizoen komme hoe rommer de seleksje fan SDS 4 wurdt. Of soms ek wer net. Sa lang as sy yn elts gefal 11 hawwe is it altiten prima:
Allert, Sytse, Jelmer B, Wifi, Andries, Bouke, Johan, Gertjan, TRV, Eeltje, Remon, Tom en noch wat fan de JO19-2.

De Wâlde 2 – SDS 5 (12.00 oere)

SDS 5 mei om 12.00 oere al los en dat is net harren favorite tiid. De seleksje komt hjoed dan ek wat letter. As sy moarn mar op tiid binne! Dizze seleksje fertrekt om 10.45 oere út Easterein:
Dirk-Yde. Doede-Douwe, Feite, Gert-Jan, Jan-Simon, Jentsje, Jeroen, Klaas, Tjeerd, Tsjipke, Wichard en Harm D.
Mochten der oars noch lju mei wolle dan kin dat.

Boudewijn stoppet

Y.f.m. tefolle oare drokte stopt Boudewijn Kramer per direkt as lieder fan SDS 3. Boudewijn, tige by tige foar alles wasto foar SDS 3 dien hast!

De kening is dea, lang libje de kening!

Boudewijn Kramer is stoppe by SDS 3, mar lokkich genôch is der de folgende dei al in nije leider fûn foar SDS 3; Bote Strikwerda. Super dat hy dizze drege taak op him nimme wol!

Tattoo Hendrik

Tige spitich dat Boudewijn Kramer stoppe is as lieder fan SDS 3. En dat krekt yn de wike dat oanfierder Hendrik Engbrenghof in tattoo fan him sette litten hat op syn boppe-earm. Lokkich hawwe wy de foto noch….

Beker

Der is lotten foar de kwartfinales fan de beker by de froulju. SDS Vr.1 mei it op sneon 21 maart om 14.30 oere thús opnimme tsjin FC Burgum Vr.3.

Sponserrin by sc Heerenveen

Ien fan de leukste aksjes yn jierren; de sponserrin by sc Heerenveen! De jeugd fan SDS hellet jild op by stipers om op woansdei 1 april rûntsjes om it stadion fan sc Heerenveen te drafen en kans te meitsjen om in wedstriid te spyljen mei 100 jonkjes tsjin de A-seleksje fan sc Heerenveen.
Jeugdspilers oant en mei de JO11 dy ’t meidwaan wolle kinne harren hjir oanmelde lykas de stipers:
www.sponsorloop.nl/sdsnijland
Sponsers kinne harren oanmelde fia de aksjesiden fan ús jeugdspilers. Elkenien mei stiper wurde; pakes en beppes, omkes en tantes, buorlju ensfh. Betelje giet fia ynternet. Dat is wol sa handich, want dan hoefe de bêrn net mei jild oer de dyk.

Poiesz-jeugdsponseraksje

By de Poiesz kinne je noch altiten sparje foar de jeugd fan SDS. De munten kinne jim by de Poiesz yn Skearnegoutum yn de SDS-buis dwaan of yn de kantine op de bar yn de bak dwaan.

Alderaardichst

Mochten wy yn de kantine nochris fan dy goaltsjes yn de urinoirs krije dan mei de muorre om ús wol sa oanpakt wurde:

(mei tank oan Old Football Pictures – Worldwide)

Harsens derby (2215)

As je dit oerkomt dan is der noch mar ien opsje om te dwaan…………..