Weppers woansdei 4-2

Weppers moandei 2-2
1 februari 2015
Weppers tongersdei 5-2
5 februari 2015

SDS League
Wy binne drok dwaande om it nije formulier fan de SDS League foarelkoar te meitsjen. As it goed is dan is dit freed klear.

SDS 2 de seal yn
Tongersdeitejûn om 21.00 oere giet SDS 2 de seal yn. Fansels nimme se in eurootsje mei.


Sealteam SDS foar de earste keer los dit jier
Tiisdei mocht it sealteam fan SDS wer los tsjin RES yn Boalsert, troch ôfsizzingen en in ploech dy’t der mei opholden is, wie it al wer in flink oantal wiken lyn dat der fuotballe wie troch ús team.
Dit wie te sjen oan it spul, it moast efkes wer op gong komme.
Mar yn de rin fan de wedstriid kaam it gefoel al wer wat werom en wie it nei in tsiental minuten al 0-2 en mei rêst stie it al 0-6.
Nei de rest krigen wij troch wat pech en slordigheden ek 4 tsjin mar we makken der 4 sadat de einstân 4-10 waard.
Tiid foar in bierke en frikandeltsje.
Folgende wike woansdei thus om 20.30 tsjin RES 2
Der is dan nog wol romte frij op de tribunes tinke wij
Klaas

Programma sneon
Foar sneon is der al wer in fjildprogramma. Jim kinne it
hjir sjen. SDS 1 spilet dan thús tsjin Mulier 1. SDS 2 mei ek foar it earst werlos. Sy meie út nei de DWP.

C1
SDS C1 oefent sneon om 10oere yn Snits tsjin SWZ C3.

Klaverjasse?
Mocht it fuotbaljen yn Easterein sneon net trochgean dan wurdt der klaverjast. De ynlis is €2,50 en der sil strieden wurde om fleisprizen. Dit begjint dan om 15.00 oere.


Stiens 1 – SDS 1
 
SDS 1 hat tiisdeitejûn oefene tsjin sc Stiens 1. Pleatslike sc Stiens-supporter Dooitze Nauta liet ús witte dat  Feiko foar SDS skoarde. It waard úteinlik 1-1.


SDS 4 en 5 de seal yn
Jûn om 20.30 oere geane SDS 4 en 5 de seal wer yn. Fansels nimme se allegear efkes in eurootsje mei.

Ut de âlde Treffer

Ut de Treffer fan 1980 it boppesteande stikje. Wat opfalt?  SDS 1 spile yn Winsum, der waarden twa eigen doelpunten makke en ek doe waard er yn bedekte foarm seurd oer it optreden in skiedsrjochter

Harsens derby (1426)
Efkes in fraachje; meie je in handstand dwaan yn it strafskopgebied as je in korner hawwe?
Neffens dizze skieds mei it yn elts gefal net………