Weppers woansdei 30-3

Weppers tiisdei 29-3
28 maart 2011
Weppers tongersdei 31-3
30 maart 2011

Tegeare traine
De A en B junioren trainen beide om 19:30
groetjes, Lodi

Gjin trainen
De froulju hawwe jûn gjin trainen.
Bauke

SDS 2
Krekt foar it sliepen gean krigen wij justerjûn fan Dirk Yde dat SDS 2 gelykspile hat. Feite makke it ienige doelpunt út in kopbal.

Tarina nimt it op tsjin E3
De jeugd fan E 3 hat sa no en dan in wedstriidsje penaltysjitte op it grutte doel. Foar de winner is der altyd in doaske of pûde drop. Omdat it hieltyd better giet mei de strafskoppen moat der ek in better keeper komme. Derom stiet Tarina Veenje jûn om 18.15 yn it doel om te besykjen de strafskoppen fan de E3 spilers te kearen. Se meie allegear 4 nimme en is der dan noch gjin winner wurdt it in ôffalrees.

Sport 1
Dirk-Yde Sjaarda sil dit wykein nei Milaan om dêr de derby tusken AC en Inter Milan te sjen. Wy hoefe net mei, want eltsenien mei digitale tillevysje hat de moanne april Sport 1 gratis en kin it dus moai thús folgje.

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn?
Sawol SDS 1 as 2 is dizze wike frij.

Bekerfinales
Freedtejûn wurde yn Sporthal de Houtmoune yn Buitenpost de sealfuotbalbekerfinales KNVB distrikt Noord hâlden. Dit is it programma:
19:15 uur  finale mannen categorie B
               Golden Oldies 2 – Dalen 2
20.30 uur  finale vrouwen                               
               Be Quick D DA1 – Futsal Heerenveen DA1
21.45 uur  finale mannen categorie A               
               De Herauten 1 – zvv Urk 1

Aaipop
It sjit ús samar te binnen hjoed en dêrom wolle wij kwyt dat op 4 april de foarferkeap fan
Aaipop begjint. Wij mochten it programma al efkes besjen en it liket wer poerbêst. Peaskemoandei yn Nijlân.

Harsens derby(436)
Dy Dennis Rommedahl koe der doe ’t hy by Ajax siet hielendal neat fan……….: