Weppers woansdei 3-7

SDS-Look-a-likes!
2 juli 2013
Weppers freed 5-7
5 juli 2013

SDS 1 beker
De KNVB makket moarntemoarn bekend by wa ’t SDS 1 yn de beker komt. Wy binne benijd.

VV Nijland bekerlotting?
De webside fan VV Nijland wist fannemoarn al te melden dat VV Nijland foar de beker by Blokzijl, Creil en SVBS’77 ynsit. In aardige bykomstigheid is dat trainer Douwe Posthuma it mei Nijlân 1 dan tsjin syn âlde ploegje Creil opnimme mei.
Spitich genôch foar Douwe gie it om de bekerlotting fan 2011 ……….(klik hjir).

SC Heerenveen 2 oefent yn Nijlân
Snein 21 july sil landskampioen SC Heerenveen 2 op it Zweitse Huitema Sportpark yn Nijlân oefenje tsjin Almere City. De wedstryd begjint om 15.00. De yntree is fergees foar lju oan ’t 18 jier. Folwoeksenen betelje €4,-. Sjoch ek
hjir.

SDS-Look-a-like
Klaas-Bauke Faber stjoerde ús al efkes in alderaardichste SDS-Look-a-like dy ’t jim hjir ynkoarten sjen kinne. Witte jim ek noch ien mail dy dan nei
info@vv-sds.nl! Alfêst tige by tige!

Alderaardichst
Dit sille sy leuk fûn hawwe by Adidas; dé sponser fan Bayern München:

Götze mei syn nije …………NIKE-sjurt.

Alderaardichste Tweet
Theo Janssen @Theo_Janssen5
17u
We weten zeker dat Go Ahead Eagles 3 seizoenen in de Eredivisie blijft: Herfst, winter en lente.

Harsens derby(1059)
No al de grutste misser fan seizoen 2013-2014: