Weppers freed 5-7

Weppers woansdei 3-7
2 juli 2013
Weppers moandei 8-7
8 juli 2013

Efkes Balje
Jûn sil der wer efkes balle wurde yn de Arena fan Wommels. Lykas altiten begjint it om 19.30.

Bekeryndielingen
De KNVB sil hjoed de bekeryndielingen fan de standaardalvetallen bekend meitsje. By SDS giet it dan allinnich om SDS 1. Wy binne benijd.

Nijsgjirrich boek
Dit boek oer Fryske superspitsen liket ús wol aardich. Fansels stiet der in ferhaal yn oer ús superspits Jappie Wijnia, mar ek Tinus Vermaning, Roelof Koop, Andre Polet, Anne Bergsma, Durk Pietersma, Simon de Schiffart en noch folle mear. Jim kinne it hjir bestelle. It boek kostet no noch €15 en oer in pear wiken €17,50.

SC Heerenveen oefent
SC Heerenveen oefent jûn yn Minnertsgea tsjin de pleatselijke favoryt. De wedstryd begjint om 19.00.

SDS-Look-a-like
Ek Thor Ruiter stjoerde ús al efkes in alderaardichste SDS-Look-a-like dy ’t jim hjir ynkoarten sjen kinne. Witte jim ek noch ien mail dy dan nei
info@vv-sds.nl! Alfêst tige by tige!

Alderaardichst


Harsens derby(1060)
Moai de hiele simmer oefenje om in bal sa oan te nimmen:




Letter hjoed miskien wol folle mear!