Weppers tiisdei 2-6
2 juni 2009Weppers tongersdei 4-6
3 juni 20095 tsjin 5 Sneon 6 juny 2009 giet SDS A1 der op út om it seizoen 2008-2009 ôf te slúten. De spilers krije in persoanlike útnoeging thús. Hja wurde sneon om 14.00 oere ferwachte op de Skippersbuorren yn Easterein. De dei wurdt yn Húns ôfslúten mei in barbecue. Groetnis, Klaas
Kommende sneon 6 juny docht in teamke SDS’ers mei oan it 5 tsjin 5-toernoai yn Koudum. Skelte, Hendrik, Feite, Anne, Jelmer, Jaap en Willem sille dêr de SDS-flagge heech hâlde. SDS sit yn poule B en moat om 10.20 foar it earst los tsjin Wykels-Hallum(klik hjir). De ploech dy ’t noch net bekend(n.n.b.) wie yn poule B sil âld-Balk wurde.
Ek de trainer fan SDS 1 docht mei oan it 5 tsjin 5-toernoai. Dick Schuurman sil dêr fuotbalje mei âld-Joure.
Of komt Dick allinnich te sûpen?
SDS A1 derop út
Der geane we oan board fan in plezierfartúch wêrmei we nei Warten farre sille.
WK
Jûn om 19.30(miskien in bytsje earder) is der wer in WK op it skopfjild fan Wommels. It duorret oan ’t 20.30 y.f.m. de wedstryd fan SC Cambuur jûn tsjin Roda JC.
Antwurden VI-kwis
By de VI hienen sy in kwis oer de “kup mei de grutte earen”. Sjoch hjir foar de antwurden.
Hommaasje
Hjir in wol hiel spesjale hommaasje oan Ronaldo:
Letter miskien wol mear!