Weppers woansdei 3-3

SDS League: Skelte koprinner!
2 maart 2010
Weppers tongersdei 4-3
3 maart 2010

Donderdag traint de d2 NIET.
de tc heeft (terecht) besloten dat sommige teams deze week maar 1 x kunnen trainen.
als de velden het toelaten trainen we volgende week wel weer 2 x maar hou deze site goed in de gaten.
het kan zo weer veranderen. 
boudewijn/jan bouke/ tjerk.

De froulju gean wer trainen
Hoi allegear, 
Jun einliks wer trainen!
We ha trainen fan Klaas Okkema, want Johan is siik.
At je net kinne, jou it dan dus efkes troch oan in oar fan it team, sadat die it op trainen sizze kin.
Moai waar!
tot straks
Groeten Anke

Groetnis út New-York
Dirk-Yde en Samme komme freed wer thús fanút Vancouver en fia New-York. Jim krije de groeten fanôf it Empire-State Building:


Doelpuntenmakkers SDS 5
Sipke Hiemstra jout ús de doelpuntenmakkers troch fan de wedstriid fan sneon tsjin CSL: Ype Tiemersma (2), Pieter Kamstra (2), Christiaan Hoekstra, Anco Elgersma en in eigen doelpunt.

Wat seit Anne Brouwer?
Ôfrûne sneon waard der in doelpunt fan Trynwâlden 1 tsjin SDS 1 goedkeurd wylst grinsrjochter Anne Brouwer  drok stie te flagjen foar bûtenspul. Yn ús archyf kamen wy in foto tsjin dy ’t ôfrûne sneon miskien ek wol nommen wêze koe. Wat seit Anne hjir tsjin de skeidsrjochter?
Of wat seit de skiedsrjochter?
Mail it nei
info@vv-sds.nl!
Yn de nije Treffer kinne jim de rissultaten sjen:

(Foto Henk Bootsma)

Traine
SDS 2 traint tongersdeitejûn om 19.00 yn Easterein. SDS 1 traint om 18.30 yn Snits. Mocht it waar goed bliuwe dan traine sy ek gewoan yn Easterein om 20.00.

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
Jûn spylje sawol SDS 1 as 2 thús. SDS 1 moat om 20.30 tsjin Blauw-Wit ’34 2 en SDS 2 om 21.30 tsjin Futsal Cambuur 6.

Harsens derby (153)
As der in swerm wespen oankomme dan moatte je ek ûnder it fuotbaljen de kop derby hâlde: