Weppers tongersdei 4-3

Weppers woansdei 3-3
2 maart 2010
Weppers freed 5-3
4 maart 2010

Traine
SDS 2 en 3 traine jûn om 19.00 yn Easterein. 
SDS 1 traint ek gewoan yn Easterein om 20.00.

Seal: SDS 1 wint, SDS dik ûnderút
SDS 1 hat juster mei 7-4 fan Blau-Wit ’34 2 wûn. SDS starte wat sleau en krige al gau schlemielich de 1-0 om de earen. Lokkich koe SDS dizze stân al foar de rêst omkere nei in 3-1 foarsprong troch goals fan Peter(2x) en in eigen doelpunt. Nei de rêst wist SDS net om te gean mei de foarsprong en stie yn in poep en in skeet mei 4-3 efter. Mar moai dat (op ‘e nij) Peter de lykmakker makke. Willem makke hjirnei de 5-4 en 6-4 en Tsjipke die it ljocht út mei de 7-4.
SDS 2 krige alle hoeken fan de sporthal te sjen en ferlear mei 11-2 fan Futsal Cambuur 6.

SDS A1 sneon om 13.00
SDS A1 moat sneon om 13.00 út tsjin CSC. Neffens it ferhaal wie it earst om in oare tiid. SDS A1 fertrekt út Easterein om 11.30.

Tattoo
Andy van der Meijde moat PSV in kampioenskip bringe. Wij tinke dat hij goeie lange, hege en strakke sokken oanfreget bij de materiaalman dy’t nea, mar dan ek nea ôfsakje.

SDS 4,5 en 6
Jûn begjint it trainen wer. In nije tiid: 20.30 oere. Under lieding fan Klaas Okkema.

SDS D2
Sa’t wij juster ek al melden D2 traint hjoed net.

Libjende musyk
Nije wike spilet SDS 1 de derby út tsjin Nijlân 1. Yn Nijlân binne sy hjir al drok mei dwaande en binne se fan doel der wer in happening fan te meitsjen. Sa is der al libjende musyk regele. Nei de wedstryd sil Zanger Rein út Boalsert optrede yn de Mande.

Wat seit Anne Brouwer?
Ôfrûne sneon waard der in doelpunt fan Trynwâlden 1 tsjin SDS 1 goedkeurd wylst grinsrjochter Anne Brouwer  drok stie te flagjen foar bûtenspul. Yn ús archyf kamen wy in foto tsjin dy ’t ôfrûne sneon miskien ek wol nommen wêze koe. Wat seit Anne hjir tsjin de skeidsrjochter?
Of wat seit de skiedsrjochter?
Mail it nei info@vv-sds.nl!
Yn de nije Treffer kinne jim de rissultaten sjen:

(Foto Henk Bootsma)

Timmer?
SC Heerenveen soe Henk Timmer frege hawwe om keepe te kommen (klik hjir). Is Aldo Swager oars net in opsje??

Harsens derby (155)
Eltsenien wit it noch wol út de pupillentiid. Wa ’t it hurdste skoppe koe moast de doeltrapen nimme. As it dan hurd waaide dan wie der eins net ien yn dy ’t de doeltraap nimme woe. Dizze D’tser hie him better net nimme kinnen: