SDS League: Skelte koprinner!

Weppers tiisdei 2-3
1 maart 2010
Weppers woansdei 3-3
2 maart 2010

Op ‘e nij hawwe wy in nije koprinner yn de SDS League. “FC Bakkerskonken” fan Skelte Anema nimt it earste plak oer fan “FC Toeval is Logisch” fan Sybren Wesselius dy ’t ûnderút giet nei nûmer 12.

“FC Bakkerskonken” op dreef.

Dizze wike twa wykpriiswinners. Paul Reitsma(“Alles op Paulo Henrique”) wist lyk wol dat hy de wykpriis hie en sei it ús al foar dat wy de punten teld hienen. Mei û.o. Vlaar, Granqvist en El Hamdaoui woe it him net misse. Hy krige gelyk, mar moat him al diele mei “Boem Boem Baarda” fan Dirk-Yde Sjaarda. Dit komt Dirk-Yde moai út, want dan hat hy wer in pear euro’s omhannen as hy freed wer thús komt út Vancouver. En mei in heale wykpriis kinne je mear gleskes bier keapje yn de fuotbalkantine as mei in hele wykpriis yn it Heineken Bierdrink Hûs yn Vancouver(sjoch SDS League wike 3).

“Ozzy” fan Hendrik Eringa wie o sa konstant mei oan ’t foarige wike eltse wike 37 punten. Dizze wike docht hy it iets better mei 48 punten en stijgt hy fan it 65e nei it 50e plak.

Doede Rients Okkema kin him hast opmeitsje foar de folgende poedelpriis. Hy rint wer 5 punten “út” op nûmer ien nei lêst “Hawwe net” fan Sietske en Tsjerk Okkema. Soe ’t famylje wêze?

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 4.