Weppers woansdei 29-6

Weppers tiisdei 28-6
28 juni 2016
EK league nei tongersdei 30-6
30 juni 2016

De A’s sille jûn traine
Jûn sil A1 foar it earst traine ûnder lieding fan de nije trainer Meint Hofstra. De jongens fan vv Scharnegoutum dogge dan foar it earst ek mei. De training begjint om 19.30 oere en nei it trainen is der tiid foar in hapke en in snapke om mekoar better kinnen te leren.

Nije Treffer
De nije Treffer leit by ús drukker en haadstiper Grafische Groep Van der Eems en falt hooplik dit wykein by jim troch de bus. Yn dizze lêste Treffer fan it seizoen wurdt útgebreid werom sjoen op it ôfrûne seizoen.

Nij lid!
Per 1 augustus hat Tseard Verbeek him wer oanmelden as lid fan SDS!

Wommelser Kampioenskip
De organisaasje fan it WK seach juster de needsaak om in ekstra WK yn te lassen neidat it WK troch ferskeidene omstannichheden al in pear kear ôflast wie. In part fan de jongerein yn Wommels groeit ticht en der waard besletten tot in ekstra WK tusken Team te dik en Team te meager. Mar leafst 14 man waarden selekteard en kamen juster om 19.30 it skopfjild op. Team te dik (Obese Eeltje, Dikke Willem, Flinke Jaap, Forse Frank, Huge Haitsma, Rûne Jan en Pafferige Pieter) mocht de hesjes oan om harren figuur “better” útkomme te litten en mochten fuotbalje tsjin Team te meager (Meagere Marco, Ranke Remco, Skrale Jacob, Iele Elger, Geringe Gerlof, Tinne Johan en Smelle Henkie). It WK waard in kopy fan it rinnende EK wêrby it fansels wichtich is om goed te fuotbaljen (Team te meager), mar wêr ynset, discipline en taktyk (Team te dik) miskien noch wol wichtiger is. Dit levere dan ek in terjochte winst op foar Team te dik mei 10-9 troch middel fan in wolfertsjinne échte “winnende goal”. De grutste winst foar Team te dik wie miskien noch wol dat de hesjes nei dit WK dúdliker makkelijker útgienen dan dat sy foar de wedstryd oanstrûpt waarden.
Op nei it folgende WK op tongersdei om 19.30!

EK-Look-a-like
Marieke de Boer tipte ús noch in moaie look-a-like op dit EK. Al kinne je yn dit gefal ek hast wol sprekke fan in “look-a-lijk”. Juanfran fan Spanje as El Greco.
Yn de kommende Treffer kinne jim wer in pear treffende SDS-EK-Look-a-likes fine.

Seleksje Iislân
De bondscoach fan Iislân hie net folle keus oangeande it meitsjen fan syn seleksje foar it EK:

Zo kwam IJsland tot zijn verrassende selectie van 23 spelers

Harsens derby (1728)
Mei hannen en fuotten, mar hy hat him