Weppers woansdei 29-4

Weppers tiisdei 28-4
28 april 2009
SDS League: Real Feyenoord pakt wykpriis!
29 april 2009

Op ‘e nij wûn
De SDS-famkes hawwe justerjûn op ‘e nij wûn. Wy krigen fannacht om 2.22 oere(??!!) dit ferslach fan Sietske Okkema:
Tiisdei te jûn, 28 april 2009.
De útwedstryd tsjin Tsjom.
Soenen we wer 3 punten pakke kinne?
We moasten wol, want ús Jits spits wie jierdei en wat is no in better kado as winst?
We begongen sterk, de earste 25 minuten wienen foar ús. We hienen genôch kânsen, mar skoarden net.
Totdat jits spits in foarset krych fan Sietske (Okkie) en dy geweldich moai yn’t hoekje skeat. Mei 0-1 gongen we de rêst yn. Nei efkes in bakje thee en wat advys fan elkoar & André, wienen we der wer klear foar. We stoenen noch gjin 2 minuten yn’t fjild, of Sieta makke de 0-2. We wienen feller as Tsjom yn’e earste pear minuten, dus net folle dernei waard ek de 0-3 makke troch ús topskoarster Sieta.
Nei sa’n 20 minuten siet SDS efkes yn in dipke, doe skoarde tsjom ek foar it earst yn’e wedstryd: 1-3.
It wie net in geweldiche wedstryd, mar we ha alles joen en it beste der fan makke. 1-3 wie de einstân, en sa pakten we wer 3 punten! Hoe is it mogelik? Earst nooit winne en dan binnen 1½ wike 6 punten binnen slepe.
Dêrom ha we der noch mar ien (of twa,trije.. ) op dronken by ús jarige Jits.
We stean no gelyk mei Tsjom, mar kwa doelsaldo stean hun boppe ús. Mei noch 2 wedstryden te gean, prebearje wy dat ien nei lêste plakje te bemachtigjen.
Natuurlik wolle wy ús trouwe supporters & Elmo ek efkes bedanke.
Hopelik mear taskôchers by ús lêste twa thúswedstryden dy’t we noch spylje moatte. 
Dikke Tút fan ‘e famkes fan SDS

Net traine

De trainingen foar woansdei 29 april FERFALLE
Voor de A- en B-junioaren
Klaas

3e Perioade?
By SDS is eltsenien der hast wol wis fan dat SDS 2 de 3e Perioade pakt hat ôfrûne sneon. Dochs liket it noch net hielendal wis. Staphorst kin noch boppe SDS 2 komme yn de 3e Perioade en ’t Fean ’58 kin noch lyk komme. ’t Fean wurdt dan allinnich kampioen en Staphorst hat al in Perioade. Hoe sit it dan eins? Klaas Okkema sil hjoed de KNVB efkes skilje om te hearen hoe ’t it presys sit allegear. Sjoch
hjir foar de stân(efentueel ynlogge).

Bus
SDS 2 sil sneon yn de bus nei BCV. Wa ’t ek mei wol kin harren opjaan by Klaas Okkema(till: 3332221). De bus fertrekt sneon om 10.30. Der binne noch sa ’n 5 plakken oer.

Wa wol der snoen noch mear mei?

Flauwe weppers
Jim sille wol tinke; “wat in flauwe weppers hawwe wy fan ‘e wike”. Dat kloppet. Dy wepmaster mei dat burd hat neat mei Keninginnedei en is him sneon op de lisfyts smeerd nei Ingelân. Wy ferwachtsje dat hy no ûngefear yn de Kanaaltunnel fytst.

Kaarten
Fannemoarn is de foarferkeap foar de bekerfinale begûn wat de kaarten foar SC Heerenveen-supporters oanbelanget. Inkelde SDS’ers binne al wis fan kaarten. Wy krigen berjocht út Julianadorp wêr ’t Dirk de Jong nûmer 4 yn de rij wie en dus samar kaarten hie. Ek hienen de Wommelsers samar kaarten. Wesley Hoitinga en Jurjen Groenveld wienen nûmer 6 en 7 yn de rij yn Hoorn.

VI-kwis
Foarige wike koenen jim hjir de VI-kwis dwaan oer heiten en harren soanen. Hjoed
hjir de antwurden.

SDS League
Fannejûn kinne jim de nije stân fan de SDS League hjir besjen. Wy doare wol fêst te ferklappen dat de winner fan de wykpriis in Eastereiner is en dat dy Tomasson(10 punten fan ‘e wike!) yn de basis hat. Dat kinne der net folle wêze…..

Snoad
De bondskoach fan Bahrein hat in orisjinele manier fûn om syn keeper wat skerper traine te litten. De trainer hat de 4×4 terreinwein fan de keeper efter him setten. De keeper sil sa syn opperste best dwaan om te foarkommen dat der dûken skrammen op komme: