SDS League: Real Feyenoord pakt wykpriis!

Weppers woansdei 29-4
28 april 2009
Keninginneweppers
30 april 2009

As it mei Feyenoord goed giet dan giet it ek goed mei Dirk-Yde Sjaarda. Hielendal as it goed giet mei Feyenoord omdat it goed giet mei Tomasson. De earste 10 punten dit wykein pakte Tomasson foar Dirk-Yde. Úteinlik levere him dit ek de wykpriis noch op.


Grut feest op Keninginnedei by de Sjaarda’s no ’t Dirk-Yde de wykpriis wûn hat!

Boppe-oan feroaret der net folle. Paul Reitsma docht mei “Biertje, Popov” wer in stapke werom om plak te meitsjen foar in Postma(Mark). Dy oare Postma(Henk) stiet noch altiten boppe-oan, mar dy iene komt wol wer 8 punten tichterby. Dat wurde noch in spannende 2 wiken.

De nûmers ien en twa lykje no wol wat ôfstân te nimmen fan de rest, mar ûnder de top 2 is it ek hartstikkene spannend. It ferskil tusken de nûmer 3 en 12 is mar 10 punten.

“Team Toering”(Jaap) liket krekt op ‘e tiid it lek boppe te hawwen. Al wie it neat rint hy yn ien kear wer 10 punten út op syn maat Sjoerd(“Kendra+Bundy=Magic!”).

“De Molshopen” fan Bauke Fopma steane noch altiten lêst en begjinne harren al ôf te freegjen wat de poedelpriis dit kear wêze sil.

Sjoch dan hjir foar de nijste stân:
wike 10.