Weppers tiisdei 28-11-2017
28 november 2017Weppers tongersdei 30-11
30 november 2017Teake Bootsma ferstoarn
Teake Bootsma fan Wommels, 75 jier âld, is dit wykein ferstoarn. Teake is bij in prottere âldere leden fan SDS foaral bekend as skiedsrjochter yn de einjierren 70/begjinjierren 80. Hij aktearde altyd op it fuotbalfjild yn Wommels en fluite dêr meast SDS 3 en/of SDS 4. It wie mar krekt wa’t yn Wommels spile.
Wat iets minder bekend wêze sil, is dat Teake ek diel útmakke hat fan it bestjoer fan SDS. Yn it jierferslach fan 1977-1978 lêze wij dat hij it bestjoer ferlit en tank sein wurdt foar syn wurksumheden foar SDS. Ek wie hij aktyf mei it opheljen fan donateursjilden.
In pear stikjes út eardere Treffers:
SDS 1 – NOK 1
Ek foar de kommende wedstriid SDS1 – NOK 1 hat VoetbalNoord wer in moai oersicht makke. Wat hawwe de ploegen tsjinelkoar presteard yn Easterein? Sjoch it hjir.
Wedstriid sponsers
Sneon binne der ek wer twa wedstriidsponsers. Posthumus Draaierij en Tanja Túnoannimmer. Wij soene sizze wolle: moai dat se der binne!
Standen SDS teams
Hoe’t alle SDS teams der foar steane kinne jim hjir sjen.
Foto’s Heerenveense Boys 1 – SDS 1
Op de webside fan Wiep Wierda-fotografie kinne je foto’s fine fan de wedstryd Heerenveense Boys 1 – SDS 1 fan ôfrûne sneon.
Harsens derby (1953)
No look is alderaardichst, mar dizze goal hienen wy sûnder fuotten sels noch makke……….