Yn de LC fan moandei joech Marco Hoekstra oan wat hij fûn fan de wedstriid. Foar Jaap Toering wie der in grut komplimint.
It iene foarwurd is it oare foarwurd net. Dat fan Thijs Drost fan Heerenveense Boys meie wij wol oer. Hij dielde ek in aardich komplimint út. Oan ús…..
Ofrûne sneon krige Gerwin Sijbesma yn de lêste minút fan Heerenveense Boys 1 – SDS 1 in oanslach te ferwurkjen fan in spiler fan Heerenveense Boys. Lokkich genôch seach de skiedsrjochter it goed en jûch in reade kaart. Gjin twifel mooglik as wy dizze foto sjogge. En dan te betinken dat Gerwin ek noch skinebonkbeskermers om hie.
Der binne sa no en dan wol wat SDS-er dy’t der op út binnen om earne oars in leuke fuotbalwedstriid te sjen. En dan bedoele wij net Mulier-Scharnehoutum of soks sa wat mar in wedstriid yn it bûtenlân. Wij binne dan altiten wol benijd nei in moaie foto want dan kin dy ek yn dizze galerij komme.
Woansdeitejûn om 21.00 oere spilet SDS 1 (seal) thús tsjin sc Bolsward 1.
Sinteklaas wit SDS dit jier ek wer te finen. Tongersdeitejûn komt hy by SDS 2 op besite yn de kantine. Hy hat witte litten foar elkenien wat meinommen te hawwen. Wy sjogge der no al nei út! Wa soe der dit kear meinimme nei Spanje?
Hjoed, moarn en tongersdei binne der bekerwedstriden fan standert alvetallen. It hiele programma is hjir te sjen. As oanfulling de wedstriid BCV 1- Nijland 1 wurdt spile yn Hurdegaryp.
En dan ek noch lilk wurde op de skiedsrjochter…………………