Weppers woansdei 28-12

Weppers tiisdei nei Kryst
27 december 2011
Weppers tongersdei 29-12
28 december 2011

Sealtraine
De DA 1 en 2 traine jûn fan 20:30 tot 21:30 yn de seal. Kom optiid want in oerke is samar om.
Oant jûn.

Sytze en Bauke

Sjoerd
Wij lokwinskje Sjoerd Wiersma (D2) mei syn jierdei hjoed. 12 jier is hij wurden.

Toernooien
Wij hawwe gjin idee at der ek SDS ploegen meidogge oan it KNVB Krysttoernooi. Dúdlik is wol dat hjoed op de C1 dei yn de Greidhoeke sporthal yn Easterein SDS net op de list stiet. Sjoch
hjir foar it hiele programma.

Tank oan W.
Tank oan hooligan W. kinne wij op 19 jannewaris wer nei in bekerwedstriid sjen. Net yn it stadion mar thús foar de tv. Dat skynt de útspraak te wêzen fan de KNVB nei
oanlieding fan it “traap-yn-de rêch” insident bij Ajax – Az. Sjoch
hjir  
Je moatte der wol frij foar nimme want it is op tongersdeitemiddei om 14.30 oere.

Harsens derby (645)
Hopsa!