Weppers moandei 26-11-2018
26 november 2018SDS-League: ‘Jan TOTO’ pakt op ‘e nij de wykpriis!
28 november 2018SDS 1 wint nei bekerthriller!
De penaltyserie waard in wiere thriller yn it nije saneamde ABBA-systeem. Kop der by dus! Lokkich koe ús razende reporter Lolke Hofstra it foar ús goed byhâlde:
ABBA-systeem:
-Leovardia rekke 1-0
-Ewout rekke 1-1
-Wiebe rekke 1-2
-Leovardia rekke 2-2
-Leovardia rekke 3-2
-Frank rekke 3-3
-Leovardia rekke 4-3
-Leovardia rekke 5-3
-Bauke rekke 5-4
-Pieter rekke 5-5
Om en om:
-Leovardia rekke 6-5
-Lourens rekke 6-6
-Leovardia rekke 7-6
-Gerwin rekke 7-7
-Leovardia mis! 7-7
-Watze-Jacob rekke! 7-8 winst!
Seleksje SDS 1: Jaap, Bauke, Gerwin, Ewout, Jorrit, Wiebe, Frank, Pieter, Lourens, Erik en Matthijs. Watze-Jacob, Steven en Stan.
In kompliment foar dizze jonge ploech dy ’t nei penaltys wit te winnen fan de koprinner yn de 3e-Klasse B!
SDS 1 giet hjirmei troch nei de 16e finales.
Moaie “SDS kop” yn LC
SDS Vr. siket flagster/flagger foar sneon
SDS Vr.1 spilet sneon om 14.30 oere yn Tsjom tsjin de pleatselijke favoryt, mar is noch op syk nei in flagster/flagger. Wa soe dit putsje efkes op har/him nimme wolle? Graach efkes trochjaan oan Tarina of info@vv-sds.nl.
Nije trainingspakken foar de JO17-1
De JO17-1 hat neist de nije yndraafsjurts no ek nije trainingspakken! Ek dizze wurde stipe troch Autorijschool Theo Postma. Op de webside fan Rijschool Theo Postma kinst no in fergese ryles oanfreegje.
De nije SDS-League
Jûn om 18.58 oere komme wy wer mei de nijste stân fan de SDS-League. Rick Hendriks sit al te triljen op de stoel!
Harsens derby (2078)
De hiele simmer traind op frije trapen………….
Throwback to when Cheltenham Town unleashed the greatest free-kick of all time pic.twitter.com/FZrCeOZH6L
— Football Fights (@footbalIfights) 26 november 2018