Weppers woansdei 28-10

Weppers tiisdei 27-10
26 oktober 2009
Weppers tongersdei
29 oktober 2009

Sealfuotbaljen SDS 1
SDS 1 fuotballet jûn mei de folgende spilers om 20.30 thús tsjin Futsal heerenveen 2: Jaap, Feite, Peter, Tsjipke, Jildert en Willem. Tseard docht net mei. Mooglik makket Freek Tichelman jûn syn debút.

Bijnammen
Altiten leuk dat kreative geasten leuke bijnammen betinke. Yn
dit stik giet it oer Dagobert Duck en Henkie Dollar. Sij binne de baas fan in eardere subtopper.

SC Heerenveen
Foarige wike binne ferskeidene SDS’ers nei Berlyn ta west om dêr harren favoriten, SC Heerenveen, fuotbaljen te sjen tsjin Hertha BSC foar de Europa League. Frans-Pieter, Wesley, Pieter , Teade, Jacob, Van Beem(senior c.q. grote smurf) en Johan Delfsma wienen fansels út de skroefen nei de 1-0 winst. Spitich genôch wie dêr ôfrûne snein lyk wer de domper tsjin Willem II. Wy ferwachtsje dochs dat sy jûn wer as in blok efter harren favoriten stean yn de bekerstriid tsjin RBC.

Rinse “grote smurf” van Beem drinkt der ien op nei de oerwinning op Hertha BSC. 

SDS League
Moarntemoarn kinne jim hjir de nijste stân fan de SDS League fine.
It is miskien wol aardich om de puntentelling fan de SDS League nochris te besjen(klik hjir). Sa krijt middenfjilder Falkenburg(SPA) dizze wike net allinnich 9 punten(3×3) foar syn 3 goals tsjin ADO mar ek nochris 4 bonuspunten. Ek krije middenfjilders in punt as sy de “nul” hâlde.

Teloarstelling
Tiisdeitejûn wie der yn Stienwyk in optreden fan it
Hard Gras team. Mannen as Henk Spaan, Hugo Borst en Nico Dijkshoorn kinne dan lâns komme mei de moaiste ferhalen, gedichten en kolums oer it fuotbal. Sjoerd, Jaap, Willem en Aant hiene de kaarten al yn de hûs mar koene thúsbliuwe. It gie om net ferklearbere redenen net troch.

Ideetsje
De fersoarger fan Fenerbahce krige de blessearde Roberto Carlos op in spesjale manier samar wer steande. Wy tochten dat dit miskien ek in aardich ideetsje wie foar striker Dooitze Nauta om de spilers fan SDS 1 wer wat earder oan it fuotbaljen te krijen. Wy witte net as it wol ferstannich is y.f.m. de Meksikaanse Gryp: