Evenementen in december 2022

Weppers woansdei 28-10
27 oktober 2009
SDS League: Marten nimt kopposysje oer!
29 oktober 2009

Jierdei!
De leider fan SDS 1, René Zijlstra, is hjoed 41 wurden. Fan herte lokwinske! Hy komt jûn net yn de kantine, dus wa ’t him lokwinskje wol moat by him thús wêze.

Dat soenen je net sizze; 41 jier……..earder 42…..

SDS 1 seal wint
SDS 1 wûn juster mei mar leafst 8-0 fan Futsal Heerenveen 2. SDS kaam eins net in momint yn swirrichheden en stie mei de rêst al mei 3-0 foar. Jaap koe moai de nul hâlde en SDS rûn úteinlik út nei in 8-0 oerwinning. De doelpunten waarden makke troch Peter (3x), Tsjipke (2x), Feite, Jildert en Willem.

SDS 2 seal wint ek
SDS 2 seal mocht it juster opnimme tsjin RES 5. Net samar in derby fansels, want dit is de âlde klup fan André Bons. SDS 2 wûn oertsjûgend mei 7-3.

KNVB-seleksjewedstryd

Ik ha tiisdei te joun mei dien oan de selectiewedstriid van knvb. Ik kwam der allergeare keatsfreonen tsjin en noch iemand werbij ik by hearefean ha sitten. It wie in hiele leuke joun.We ha elkoar earst ontmoeten en toen ha we hjeart ien wat foar team we sitte.We ha toen klean kriegen it wien oranje shirts en zwarte broeken ik hie numer 7 en stong rjochtsbuten. It gong goed(3 goals 3 assist)en dit wie een hele leuke ervaring.Ik hoop natuerliik dat ik troch bin. No we sjogge wol. 
gr Habtamu

Habtamu yn o(O)ranje?

SDS League
Jûn hjir de nijste stân.

Gjin hier….
Eltsenien sjocht fansels dat yn it SDS-plaatsjesboek it plaatsje fan Jelmer Posthumus net hielendal kloppet. De holle past net hielendal by syn liif. Tom seach it ek lyk: “Ja tuerlik, Jelmer hat dochs gjin hier op syn fuotten……….”


Wichtich
Foar SDS F4 stiet der sneon in wichtige wedstryd op it programma. Sy spylje namelijk thús om 10.00 tsjin Heeg F5. Wessel Wijnja wol hiel graach winne, want syn neefke spilet by Heeg F5. Mark Beckers wol per sé winne; “Ja, want myn kennisneefke spilet derby”.

Harsens derby (79)
It is fansels in knappe folley, mar wy hawwe dochs leaver dat supporters op harren plak sitten bliuwe: