Weppers woansdei 27-8

Weppers tiisdei 26-8
25 augustus 2008
Weppers tongersdei 28-8
27 augustus 2008

Ferslach oefenwedstryd SDS 1
SDS 1 hat justerjûn oefene tsjin De Wâlde 1. Tsjalling Sikma jout ús de útslach troch: 1-4 mei doelpunten fan Skelte, Tsjipke, eigen doelpunt en Harm. Klik hjir foar it ferslach fan Siem Sikma.
Dit wie de opstelling:

1 Jaap

 

                   4 Harm

 

2 Tsjeard      3 Anne           5 Henk

                                     

                  6 Mark

  7 Tsjipke                       8  Erik

                   10 Arnoud

9 Skelte                    11 Tsjalling

 

Wissels: Dirk, Jacob Klaas, en Arjan


Keeperstekoart
SDS sit net sa rom yn de keepers. It is dan fansels moai dat de leden meitinke en aksje ûndernimme om dit op te lossen. Wij krigen fan Rinse Joustra it berjocht dat Ralph Wariman syn keeperstalint dit wykein sjen litte mocht op in famylje wykein. Omdat der net in bal wie, waard traind mei (folle?) pampers. Ralph wie der nei ôfrin skijtsiik fan en bliuwt foarloapich fuotbaljen.

Geweldige doelpunten
De lieders fan SDS 4 binne nea sa rynsk mei ynformaasje. Wij moatte it betiden út harren slaan. Gelokkich binne der oaren dy’t wolris wat trochjouwe. Dyselde Rinse wit te melden dat Johan Delfsma sneon twa geweldige doelpunten makke. Sa hie hij se noch nea skoard, lit Rinse ús witte.

Wol wat let
Wij krigen hjoed 26-8-2008 in mailtsje binnen fan Sipke Hiemstra. At hij dat sels wol wit is de fraach. Want it liket it der op dat dit mailtsje like lang ûnderweis west hat as in postdo mei houten fuotten fleane kin fan Easterein nei Wommels.

Wij tinke dat it antwurd ferstjoerd is op de dei foar de PC. It antwurd wie yn alle gefallen net goed.

Mei de bus

Sneon oer in wike begjint de kompetysje. SDS 1 moat dan nei Hoogeveen. De seleksje giet der mei de bus hinne. Der kinne noch in pear supporters mei ek. Foar 7 euro. Opjaan moat bij Enne Johannes
. Dat kin fia de mail. De bus giet om 12.00 oere fuort. Wês der bij want fol is fol.

Ferslach
Op de webside fan Broekster Boys stiet ek noch in ferslach fan de bekerwedstryd fan ôfrûne sneon tsjin SDS 1(klik hjir).

Gjin beker foar feteranen?
Wij hawwe begrepen dat de feteranen fan SDS 5 dit jier de beker net winne. De útstelde wedstryd tsjin VVI sil net mear spile wurde, omdat it net slagget op in sneon (SDS kin net ) en omdat VVI troch de wike net wol.

Foto
Op it ynternet kamen wy noch in âlde foto tsjin fan wat SDS-jeugd. Wa kin ús mear fertelle oer dizze foto? Mail it nei info@vv-sds.nl!
jeugd sds

Kwyt
As Samme Overal efkes op it feste lan is,dan moat it ik altyd gelyks yn it male…Ofrune sneon ut Blauhus wei,is Samme dan ek wer ris wat kwyt rekke. . .syn tillefoan. Kans is greut dat er ergens yn Easterein leit of is fun. Is de tillefoan fun,dan graach bringe op dobbelan 6. Belangrykst is syn simkaart. Anoniem troch de briefenbus mei ek.
Kenmerken Tillefoan:
Samsung E600 mei in skeuwsysteem.
Touchscream
Knoppen
Bleutooth
SMS
Belje fansels
Foto op foarkant mei de brandaris der op
Gr  GvA

Harsens derby!
Lokkich genôch hawwe de keepsters by SDS de harsens der wat better by………..