Weppers tiisdei 26-5
25 mei 2009Weppers tongersdei 28-5
27 mei 2009Gjin trainen
Berjocht fan Lody:
Der is GJIN TRAINEN foar A- en B-junioaren op woansdei 27 maaie 2009.
Hjirmei is it dien wat it trainen oangiet foar de A’s en B’s.
Groetnis,
Klaas Pompstra
P.s. SDS B1 moat moarntejûn noch wol thús fuotbalje om 19.00.
Klaas Klinker
Sneon spile SDS 5 de lêste wedstriid. Yn de twadde helte in fantasij opstelling. Klaas Kamstra, oars keeper mocht no yn de spits. Trije kear rekke de bale de latte troch syn tadwaan en twa kear skoarde hij. Harm Auke takem jier op it doel?
Daan Boersma
Ek Daan Boersma die wat oars as flagjen. Hij joech de iene assist nei de oare. “Dit krijt in ferfolch”sa liet de fêste flagger ús witte.
5 tsjin 5
In ploegje SDS’ers sille op 6 juny meidwaan oan it 5 tsjin 5 toernoai fan Oeverzwaluwen yn Koudum. De lotting is ynmiddels bekend(klik hjir).
Spyldagenkalinder 2009/2010
De KNVB (en ek SDS) is alwer drok dwaande mei it folgende seizoen. Hjir kinne jim de nije spyldagenkalinder foar kommend seizoen besjen.
Gjin garansje
It liket derop dat Manchester United jûn de beste papieren hat om de Champions-League-finale fan Barcelona te winnen. Sy hawwe ommers noch nea in Europacup-finale ferlern. Lokkich genôch is it mei fuotbaljen krekt as mei belizzen; rissultaten behelle yn it ferline jouwe gjin garansje foar de rissultaten yn de takomst(klik hjir).
Sneu
Fine jim it ek allegear sa sneu…….. foar Yolanthe……..