Weppers tiisdei 26-5

Jeugdnijs
25 mei 2009
Weppers woansdei 27-5
26 mei 2009

SDS 6 giet net troch
De wedstriid Skearnegoutum 4- SDS 6 giet jûn net troch.

In berjocht fan Skrok
Beste voetbalvrienden en andere liefhebbers, 
Voel me zoals een gereviseerde auto zich vast ook moet voelen, als herboren.
Echter Braamhaar komt net een paar weken te vroeg in Easterein.
Uitstel vragen gaat mij iets te ver.
Maar, met of zonder goede raad, als het zo doorgaat met mij dan sta ik aan het begin van de competitie
weer met de fluit op het veld.
Oant sjen 
Jelle vanuit kuuroord/paradijs SKROK

Stoppe(1)
It is no definityf. Jeroen Brouwer stoppet mei fuotbaljen. Hy hat syn lidmaatskip opsein. Wy hoopje him yn de takomst gau wer by SDS te sjen yn wat foar funksje dan ek en oars fansels as supporter.

Stoppe(2)
Ek Tseard Halbersma hat syn lidmaatskip opsein. Dit betekent dat der no rêstich syn koffer pakke kin foar syn wrâldreis en dat hy der net oer yn hoecht te sitten om efentueel de earste training te missen.

Doelpuntenmakkers
Fan Ids Boersma en Enne Bruinsma krigen wij de doelpunten fan SDS 6 troch:
Bram Strubbe, Wytze Lanting, Sybren Wesselius, Doede Sysling, Jacob v Wieren en Steffen Bruinsma.

Stoppe
Klaas Visser is stoppe. Net mei fuotbal mar mei roken. Hij jout him no echt del yn de kantine. Om te stoppen hat hij in hiele striid levere. En foaral mei Sieta. Wij krigen fia in betroubere boarne
de bylden binne.

SC Cambuur
Dat SC Cambuur op it heden bot libbet mei dúdlik wêze. De 10.200 kaarten foar de wedstryd fan tongersdei tsjin Roda JC wienen binnen 2(!?) oeren útferkocht fannemoarn(klik hjir).

Pré-WK
Woansdeitejûn sil der wer in Pré-WK plakfine yn Wommels. It begjint om 19.30 op it skopfjildsje fan Wommels.

WeromsjenTreffer
As jim noch jierferslagen hawwe foar de kommende “weromsjenTreffer” dan wolle wy dy graach foar it wykein hawwe.

Suarez
Suarez giet yn dit reklamefilmke nei de audisjen. Wy wachtsje op de reklame dat der in skiedsrjochter nei de optisjen giet: