Weppers woansdei 27-3

Weppers tiisdei 26-3
25 maart 2013
Pupillen skiedsrjochter kursus foar A’s en B’s
27 maart 2013

Gjin trainen D3
I.v.m. de flinke hoeveelheid afmelders vanmiddag geen trainen voor D3.
Hans


Programma sneon 30 maart
Kommende sneon steane der wer aardich wat fuotbalwedstriden op it programma. Hooplik geane se allegear troch. It programma sjocht der no noch
sa út.

Pupillen-skiedsrjochterkursus
Yn de maaie-fakansje sil der by SDS in Pupillen-skiedsrjochterkursus wêze. Jûn mear hjiroer.

Efkes Balje op Goedfreed
It Efkes Baljen giet freed gewoan troch. En omdat it oantal fan 5 fan ferline wike nei 10 moat, kundigje wij it no alfêst mar oan. 19.30 oere en it is hielendal net kâld.

Earste ljipaai
Ît liket ús ferstannich dat Marco Hoekstra net oan de fuotbaltoto meidocht. Hy siet der namelijk al wat neist mei de foarsizzing fan de datum fan it earste ljipaai. Derneist kinne je de toto net hieltiten wer feroarje (klik
hjir).

Ynhelje
SDS E3 mei nije wike op jûn ynhelje tsjin Makkum E2. Sy wurde nije wike woansdei om 19.00 yn Makkum ferwachte. 

Gerlof-Jan Sloterdijk
Ien opsje om Marco Hoekstra op te folgjen as trainer fan SDS 2 falt al ôf. Ald-trainer fan SDS 1 Gerlof-Jan Sloterdijk wurdt trainer by SC Lions ’66 2(sjoch hjir).
 

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
De sealfuotballers fan SDS 1 binne jûn frij, dus dan moatte wy mar nei de sealfuotballers fan it Nederlâns team sjen dy ’t it om 20.30 yn de EK-kwalifikaasje opnimme tsjin Wyt-Ruslân yn Rotterdam. Jim kinne de wedstryd
hjir sjen.

Bekend
Wat dinkjes yn dizze promo foar Aaipop 2013 komme ús bekend foar. It sil de fuotballers fan C2 bekend foarkomme, mar ek de ferdigeners fan SDS 2(klik
hjir).

Harsens derby(989)
Spesjaal foar Ayanle: Luis Suarez!