Weppers woansdei 27-1

Weppers tiisdei 26-1
26 januari 2010
Weppers tongersdei 28-1
28 januari 2010

Sealfuotbal
De wedstriden fan SDS 1 (út yn Ruinen tsjin ZZVV) en SDS 2 (út tsjin Friesland yn Ljouwert) binne ôflast y.f.m. de glêde diken.

SDS 1 oefent
SDS 1 – Delfstrahúzen op it kuenstgêrsfjild fan v.v. Aengwirden yn Tjalleberd
Fertrek 18.15 oere
19.30 oere foutbalje
Marten, Jaap, Ewout, Anne, Feiko, Redmer, Mark, Dirk Yde, Hendrik, Skelte, Harm, Erik, Jacob von W., Elger Turksma en Wytze Lanting.
Rjochtstreeks gean Anne, DYS, Feiko, René, Mark en Dick
Skelte graach efkes thús efter de jirpels oppikke.
As it sealfoutbal net trochgiet dan geane Feite en Tsjipke fansels ek mei!
groetnis
Dick

Snielearzens
De spilers fan SDS 1 moatte eltse kear as sy traine hawwe de draafskuon meinimme. Dochs hienen sy se juster net nedich. Sy hawwe op it fjildsje foar de boksen moai oan it sniefuotbaljen west. Miskien is it handich om de folgende kear snielearzens mei noppen mei te nimmen?

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
De sealfuotballers fan SDS 1 soenen jûn te sealfuotbaljen nei Ruinen tsjin ZZVV. De folgende minsken soenen mei: Jan-Simon(keept), Feite, Tsjipke, Tseard, Freek, Jaap (keept net, want hat lêst fan syn earmtakke) en Willem.
Peter (wintersport) en Ruurd (lêst fan astma) soenen der net wêze.

SDS 2 de seal yn
SDS 2 traint jûn yn de seal yn Easterein fan 21.30 oan ’t 22.30. Allegear efkes in eurootsje meinimme.

Gjin damestraining, mar…….
Ik zag dat er gister  geen training was dus ik kan er wel vanuit gaan dat er vanavond ook niet getraind kan worden door de dames.
De vergadering om 19.15 uur gaat wel door!
Groet Johan


De A’s traine net
De A’s hawwe jûn ek gjin trainen.
Lody en Floris


45 jier
Wy wienen it wat ferjitten mar Enne Bruinsma is ôfrûne sneon 45 jier wurden. Noch fan herte lokwinske!

Harsens derby (122)
Dizze assistint-skiedsrjochter ferjit foar in oertreding te flagjen: