Weppers tongersdei 28-1

Weppers woansdei 27-1
27 januari 2010
Weppers freed 29-1
28 januari 2010

Alles ôflast
It koe eins net misse, mar je witte it nea. De KNVB hat alfêst alle wedstriden foar kommend wykein yn de regio Noord ôflast:

Ids Grond fan Ouwe Syl, bedankt foar de tip!

Kantine is ticht
Kantine is jûn net iepen. 
Ek namens Hans. 
Groetnis,
Durk.


Gjin trainen

SDS 2 hat jûn gjin trainen.
It is de bedoeling dat de B-seleksje sneon al wat docht. Trainer Klaas Okkema rekkent derop dat dan eltsenien der ek is. Hy is noch op syk nei in fjild of soksawat.

Ôflast
SDS 1 hat juster net oefene tsjin Delfstrahúzen 1. Lykas de sealwedstriden ZZVV 1 – SDS 1 en Friesland 7 – SDS 2 waard ek dizze wedstryd ôfblaast y.f.m. de glêdens.

Spinne
De spilers fan SDS 1 sille jûn wer te spinnen. Om 20.00 moat eltsenien oanwêzich wêze.
Miskien treffe se noch wat bekenden:


Wol traind
SDS 2 hat justerjûn efkes yn de seal traind. De opkomst wie net al te grut mei 9 man, mar mei Klaas Okkema derby wienen der presys genôch om efkes in partijtsje fan 5 tsjin 5 te dwaan. It ploegje fan Jan-Simon, Jaap, Durk, Bauke en Klaas O. stie yn de earste helte mei 3-1 foar troch flitsend keeperswurk fan Klaas en bliksemsnelle kounters. De twadde helte wie dúdlik foar Eeltsje, Wichard, Jelte-Pieter, Syb en Willem. Doe ’t dy doelpuntenmasjine ien kear rûn wienen sy net mear te hâlden en wûnen úteinlik rom.

Harsens derby (123)
Keeper David James hat nettsjinsteande de blyndoek de kop der aardich by: