Weppers woansdei 26-9-2018

Weppers tiisdei 25-9-2018
25 september 2018
SDS-League: ‘FC Wiebelich’ pakt de wykpriis!
27 september 2018

SDS seal ek wer los

De jonges fan de seal sille jûn ek wer los yn de sporthal fan Easterein. De Black Boys 5 binne om 20.00 de tsjinstanners.

Skorst

Erik Haitsma krige by SDS 1 tsjin Oeverzwaluwen 1 in reade kaart y.f.m. mei it delheljen fan in trochbrutsen tsjinstanner. De KNVB hat him dêrom foar ien wedstriid skorst.

Belangrike data jeugd:

De trainers/lieders fan jeugdteams hawwe in nijsbrief krigen fan de jeugdkommisje. Dizze data binne wichtich

1 oktober doorgeven wel/geen zaaltoernooi of competitie
4 oktober leiders trainers vergadering 19.30 uur Skoalleseize
6-13 oktober week van de scheidsrechter
24 oktober Meinte Sixma toernooi voor jeugd t/m jo-mo13 Skoalleseize
15 december tot en met 2 februari 2019 zaalcompetitie (mo-jo 13-12-11-10-9-8)
24-29 december en op 2 januari Poule wedstrijden kerstzaaltoernooien (mo-jo 19-17-15-14)
5 januari finaledag kerstzaalvoetbaltoernooi KNVB
2 januari midwinter toernooi jeugd

SDS 1 – Wolvega 1

Kommende sneon spilet SDS 1 tsjin de koprinner yn de tredde klasse A. Wierskynlik op basis fan dat gegeven wurde de kânsen foar SDS 1 op in oerwinning op VoetbalNederland ynskatten op 10%…..
Wij sille sjen at yn de ferline wike behelle resultaten, no wol in garânsje foar in goed resultaat yn de takomst is foar Wolvegea..


Yn 1972 spilen de klups ek tsjinelkoar op it fuotbalfjild fan SDS, dat doe noch net Skoalleseize hjitte, en dy wedstriid waard wûn mei 2-0.  Geert Hiemstra en Jan de Jong wiene de doelpuntenmakkers

Jan de Jong fûn noch in pear foto’s fan dy wedstriid

Marcel

Ald SDS trainer Marcel Frankena, no trainer fan DTD, is ek promoter fan it “Rinnend fuotbal”. Oeral yn de provinsje wurde der aksjes holden om mear âlderen wer oan it “fuotbaljen” te krijen. Sjoch hjir.

De nije SDS-League

Fannemiddei om 17.48 oere komt de nijste stân!

Harsens derby (2051)

Auw………..