SDS-League: ‘FC Wiebelich’ pakt de wykpriis!

Weppers woansdei 26-9-2018
26 september 2018
Weppers tongersdei 27-9-2018
27 september 2018

It is dizze wike Wiebe heeres dy ’t mei ‘FC Wiebelich’ de wykpriis pakt. Hy hie mar leafst 8 punten mear as ‘Wat bûge kin, sil net brekke!’fan Tjeerd de Vries en ‘FC (Arjen) Hallema’. ‘FC Wiebelich’ giet sa fan plak 30 nei plak 3.

It sil ek ris net oars dan dat ‘Pablo Rispens’ fan Martijn Rispens fan posysje wiksels mei ‘Kali-kartel’ fan Igor Kalinowski. Martijn is no wer de baas sis mar en stiet boppe-oan. ‘Kali-kartel’ stiet op nûmer 2.

‘Moai STom’ fan Stijn Schildkamp en Tom Wijnia nimt de reade lantearn oer fan Mark Postma. Dat is ek net sa frjemd mei mar 17 punten dizze wike.

 

SDS League 2018-2019 stand earste helte wike 2