Weppers woansdei 26-6-2019

SDS JO19-1: HET seizoen
24 juni 2019
Weromsjen nei 1984
30 juni 2019

Stefan jout it stokje oer!

Stefan van Krimpen hat 2 jier trainer/koach west fan SDS Vr.1 west en jout no it stokje oer oan Akke-Rixt Kamstra yn gearwurking mei Tarina Veenje. Dit stokje waard ôfrûne sneon by de ôfslúting fan Vr.1 symboalysk oerjûn troch Stefan. Sels krige hy noch in pûde ‘it sit dr’op’!

Tarieding seizoen 2019-2020

De A-seleksje en de JO19-1 hawwe ôfrûne tongersdei útlis krigen fan de trainer fan SDS 1, Douwe Posthuma, oer de tarieding op it nije fuotbalseizoen. It oefenprogramma komt ynkoarten hjir op de webside. De earste neisit foar it seizoen 2019-2020 is hjirby ek al west:

De Treffer

De lêste Treffer fan it seizoen is út en kin elts momint by jim troch de bus falle. Alderaardichst lêsfoer mei dizze waarme dagen!
Degene dy ’t de Treffer altiten fan de postboade krijt sil him wol nei it wykein krije.

Adreswiziging trochjaan!

As je no gjin Treffer krigen hawwe om ’t je koartlyn ferhúze binne, mail dan je nije adres efkes nei ledenadministraasje@vv-sds.nl of nei info@vv-sds.nl!

Jeugd-WK

Mai it grutte WK (Wommelser Kampioenskip) wol it dizze simmer noch net echt flotte. De jeugd dêryntsjin hat der al wer nocht yn en lûkt jûn de fuotbalskuon oan om jûn om 20.00 oere te baljen op it skopfjild yn Wommels. In jeugd-WK sis mar!

Eastereiner Feesten

Op de Skoalleseize wurdt de kommende twa dagen hielendal net fuotballe. De Eastereiner Feesten steane op it programma, dus dat betsjut fersierde weinen, keatse, follyballe, tonielspylje, dûnsje en efkes ien keapje!

SC Heerenveen

SC Heerenveen begjint fannejûn tradisjoniel it fuotbalseizoen mei in oefenwedstriid tsjin Regioteam Gaasterlân. Nije wike freed 5 july spylje se om 19.00 oere in oefenwedstriid yn Wytmarsum tsjin SV Meppen.

Harsens derby(2141)

As de keeper meigiet nei foaren by in korner dan moat der dêrnei ek rap sjen dat hy wer yn de goal komt……….