Weppers woansdei 26-2-2020

SDS-League: ‘Kratje bier’ pakt de 1e wykpriis!
24 februari 2020
SDS-League: ‘Jelsmanian Devils’ pakt de wykpriis!
27 februari 2020

Sponserrin SDS by sc Heerenveen

Woansdeitemiddei 1 april sil de jeugd fan ST. SDS/Nijland fan de JO8 oant en mei de JO11 meidwaan oan in sponserrin rûn it Abe-Lenstrastadion yn Heerenveen. De jonkjes en famkes dy ’t de measte sponsers binnenhelje meie by it 100-jierrich jubileum fan sc Heerenveen meidwaan yn in 100 tsjin 11 wedstriid tsjin de seleksje fan sc Heerenveen. De lieders fan de teams binne útnoege foar moarntejûn om 19.00 oere útnoege yn de kantine foar mear ynformaasje. Freed kinne jim ek mear lêze op de webside oer de sponserrin.

Bliid

Richtsje Strikwerda fan SDS Vr.1 is yn bliide ferwachting fan in lytse poppe. Sy sil noch in pear wiken balje en dan dêrnei geregeld oan de kant stean mei in dikke búk sadat de lytse ek yn de búk al neat mist fan it fuotbaljen.

Bliid (2)

No ’t Richtsje Strikwerda daliks mist by Vr.1, Jildou Sweering en Elske Galema op reis binne, inkelde famkes stoppe binne en der sa no en dan noch wol wat froulju misse kin Vr.1 wol wat fuotbalfroulju brûke. Koach Akke-Rixt Zijsling hat Annemiek Popma frege as sy by SDS komme wol om de froulju út de brân te helpen en dat wol sy wol. Hjir binne wy tige wiis mei. Annemiek hat jierren by ONS Vr.1 fuotballe en hat dêr de nedige goals makke. Annemiek, wolkom by SDS!

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn

De mannen fan it 1e sealteam fan SDS meie jûn wer los. Sy spylje om 21.00 oere thús tsjin Haskerland 6.

Twitter


Sa as hast alle fuotbalploegen binne ek wij aktyf op it flugge medium twitter. Wij hawwe 799 folgers en binne benijd wa’t de 800ste wurdt.  De twitterberjochten stean ek op ús foarside. HIelendal boppeoan yn de rjochter hoeke stiet it twitterfûgeltsje. Klik mar ris op dit teken en jim sjogge dizze berjochten.

De nije SDS-League

Moarn hjir op de webside de aldernijste stân fan de SDS-League.

Kantine iepen

Moarntejûn is de kantine fansels wer iepen en it beloofd in alderaardichste jûn te wurden. AZ en Ajax fuotbalje foar de Europa League en binne te sjen op it grutte skerm. Dêrneist hat de foarsitter bartsjinst, in soartefan après-ski dus…… Freed mar fêst frij freegje….. 😉

Wa is dat no ek alwer? Jacob Jan Oostra fansels!

Fan hast alle teams út 1997 hawwe wy no de nammen by de foto’s. Wy misse noch in pear. Wa is dat hjirûnder b.f. tusken Jelle de Boer en Pieter de Vries yn? Wy binne der ynmiddels efter dat it Jacob-Jan Oostra is. Wy twifelen sels lang, mar hy hat ynmiddels sels grien ljocht jûn! No ja………………….. eins syn frou……..

Lokwinskuhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhh!

De lieder fan SDS 2 en ‘klaverjaskampioen fan Littenseradiel’ Rick Hendriks is hjoed jierdei! Wy winskje him in noflik dei ta!

Harsens derby (2212)

Jûn mar efkes yn de sporthal sjen by SDS seal 1.