SDS-League: ‘Kratje bier’ pakt de 1e wykpriis!

Weppers moandei 24-2-2020
24 februari 2020
Weppers woansdei 26-2-2020
26 februari 2020

Hjoed krije jim de earste stân fan de twadde helte fan de SDS-League. Tongersdei komt de aldernijste stân.

Robert Hoekstra pakt mei ‘Kratje bier’ de earste wykrpiis. Hy bliuwt ‘Strikkies United’ fan Bote en Jort Strikwerda krekt in puntsje foar. ‘P(r))ima’ fan Pietrik & Marit Kuperus feroare neat oan harren team fan foar de winterstop en begjinne lyk wer knap mei in 3e plakje wêr ’t sy de foarige kear as 7e eindige wienen.

Ferline jier pakte Robert Hoekstra mei ‘Kratje bier’ ek al de earste wykpriis nei de winterstop. Doe moast hy dizze noch diele mei Sjoerd van Beem. De wykpriis wolteferstean……

De nûmer 1 fan de earste helte fan de SDS-League”Aan de kant ik moet naar ’t stadion’ fan Sjoerd van Beem. begjint dit kear op it 54e plakje. It sit him net mei, want hy begjint lyk mei in dikke blessure foar syn spits Sinisterra(FEY).

De reade lantearn is foar Ate Feike de Boer mei ‘karAte’. Do makkest dit kear dúdlik de ferkearde kar Ate…….. Al stiet ‘Lekker Schuren’ fan Erik Haitsma der mar krekt ien puntsje boppe.

SDS League 2019-2020 twadde helte wike 1