SDS-League: ‘Jelsmanian Devils’ pakt de wykpriis!

Weppers woansdei 26-2-2020
26 februari 2020
Weppers freed 28-2-2020
28 februari 2020

De twadde wykpriis is foar Jan-Simon Jelsma mei ‘Jelsmanian Devils’. Hy hat 53 punten en bliuwt dêrmei 3 puntsjes foar op ‘Kratje Bier’ fan Robert Hoekstra, ‘Retirement Sucks’ fan Hendrik Eringa, ‘Kali Kartel’ fan Igor Kalinowski en ‘Algemeen Fons’ fan Sjoerd Rispens.

‘Kratje Bier’ fan Robert Hoekstra draait dus op ‘e nij in knappe wike en stiet dan ek noch boppe-oan yn de SDS-League. ‘Strikkies United’ fan Bote & Jort Strikwerda stean noch twadde, mar no teageare mei Rick Hendriks mei ‘FC Ricksdaalder’. It giet Rick op it heden sawisa foar de wyn, want hy wie juster ek noch jierdei en foar twa wiken werom pakte hy it ‘klaverjaskampioenskip fan Littenseradiel’.

De reade lantearn is no foar ‘Op nei de Top’ fan Marten Faber en ‘Overal United’ fan Sybrecht Overal en Willem Twijnstra. Marten probearet it mei deselde 11 as foar de winterstop en miskien levert dit noch in poedelpryske op.

SDS League 2019-2020 twadde helte wike 2