Weppers woansdei 25-2

Weppers tiisdei 24-2
23 februari 2009
SDS League: Mark pakt wykpriis!
25 februari 2009

Let op
Trainen A1 en B1 giet jûn net troch.

SDS-skoalfamkes
Op 9 febrewaris is der
 wer in groepke famkes fan start gien. It giet om: Maricela Kooistra, Sanne Rixt Jorritsma, Jildou Siesling, Ilse Walstra, Dagmar Tsjalsma en Jildou Bervoets. Wa ’t it ek wat liket om mei dizze famkes te fuotbaljen kin har
hjir oanmelde. 
Sy traine eltse moandei fanôf 16.30 ûnder lieding fan Sieta Tessemaker.

Greidhoeke-toernoai F-pupillen
Ôfrûne sneon wie der yn de sporthal it Greidhoeketoernoai foar de F-pupillen. Wy hawwe ynmiddels de foto’s binnen krigen fan Jan-Bouke Bouma. Letter fan ‘e wike kinne jim se hjir besjen.

Futsal
Jûn om 20.30 yn de sporthal fan Easterein; SDS 2 – Blauw-Wit 9(sjoch weppers tiisdei 24-2).

AH-fuotbalplaatsjes
Om ’t eltsenien fansels meidocht oan de Poeisz-jeugdsponseraksje binne der mar inkelde SDS’ers mei fuotbalplaatsjes fan de AH. Wy witte dat Habtamu de Hoop se hat(hy moat Tomasson en Willem Jansen noch), Piter van der Pol(hy hat in bult dûbelen) en Tom & Pieter (hawwe dy “pannenkoek” dûbel en in bult oaren, mar moatte ek noch in bult). Wa ’t de plaatsjes ek sparret kin him by harren melde, dan kinne jim moai ruilje.

Flopt by Top 3
Foarige wike koenen jim hjir in drege VI-kwis meitsje. Feiko(mei help fan syn broerke) en Sjoerd(mei help fan “broer” Jaap) wisten as ienige alle antwurden. Dit wienen se(klik hjir).  

Pine yn ‘e holle
Harm Stremler makke ôfrûne sneon yn de wedstryd tsjin Heerenveense Boys 1 yn de lêste minút de winnende goal út in pingel. Hie hy him mist dan hie der hjir akelige pine yn ‘e holle oan oerhâlde kinnen: